Fan Sminia
Appearance
Fan Sminia (ek: Fan Baerdt fan Sminia, Fan Coehoorn fan Sminia en: Haersma fan Sminia) is in fan oarsprong út Ferwert kommend laach, dêr't de leden fan sûnt 1816 ta de Nederlânske adel hearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stamhheit is Frans Hillebrants Sminije (Smyngie) dy't sûnt 1555 neamd wurdt as boer op Sminiastate en yn 1581 ferstoar. By Keninklik Beslút fan 20 febrewaris 1816 waard syn neisiet mr. Hector fan Sminia (1763-1816) ferheft yn de Nederlânske adel.
De famylje bewenne desennialang hûs de Klinze in Aldtsjerk en is ek nammejouwer fan de troch har bewenne Sminiastate yn deselde gemeente.
Inkele telgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hobbe Baerdt fan Sminia (1655-1721), jurist
- Idzard fan Sminia (1689-1754), grytman
- Jetze fan Sminia (1703-1771), ûntfanger-generaal fan de admiraliteit, sekretaris fan de Steaten fan Fryslân
- Hobbe Baerdt fan Sminia (1730-1813), grytman
- Jhr. mr. Hector fan Sminia (1763-1816), grytman en lid fan de Twadde Keamer
- Jhr. mr. Hobbe Baerdt fan Sminia (1797-1858), grytman, boargemaster en lid fan de Twadde Keamer
- Jkfr. Louisa Albertine Glinstra fan Sminia (1799-1837); troude yn 1821 mei mr. Robert baron fan Breugel Douglas (1791-1873), lid fan de Ried fan Steat en publisist
- Jhr. mr. Hector fan Sminia (1763-1816), grytman en lid fan de Twadde Keamer
- Hobbe Baerdt fan Sminia (1730-1813), grytman
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Spanninga, H. (2001) 'Kapitaal en fortuin: Hessel van Sminia (1588-1677) en de opkomst van zijn familie' yn: De Vrije Fries, LXXXI
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|