Idzard fan Sminia
Idzard fan Sminia (Ljouert, 31 jannewaris 1689 - Wommels, 22 juny 1754) wie grytman fan Hinnaarderadiel, rekkenmaster en deputearre fan Fryslân.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan Sminia wie in soan út it earste houlik fan de riedshear Hobbe Baerdt fan Sminia mei Tetje Gerroltsma. Yn 1706[1] waard hy grytman fan Hinnaarderadiel. Dit grytmanskip wie troch syn heit foar 38.000 gûne kocht fan Edzard fan Grovestins, dy't dit amt oant 1706 beklaaide. Syn heit wie ien fan de rykste Friezen yn dy tiid.[2] Fan Sminia wie fan 1719 - 1722, fan 1734 - 1737 en fan 1746 - 1749 deputearre fan Fryslân. Yn de rol fan deputearre begroete hy yn 1734 it krekt-troude steedhâlderlik pear Willem IV en Anna fan Hannover by harren yntocht yn Fryslân.
Fan Sminia troude op 6 maaie 1714 mei Tjallinga Edonia fan Eisinga, dochter fan Tjalling Edo Johan fan Eijsinga en Sijts Aebinga fan Humalda. Ut dit houlik kamen njoggen bern. Se wennen yn Wommels op de Sminiastate. Hy ferstoar yn juny 1754 yn de âldens fan 65 jier. Hy waard yn 1754 as grytman opfolge troch syn soan Tjalling Aedo.
As neitins oan syn frou, dy't yn 1733 op 43-jierige leeftiid ferstoarn wie, ferskynde in dichtbondel mei de titel Ter eeuwiger geheugenisse van de hoog-eedel-welgeboorene vrouwe, mevrouwe Tjallinga Edonia Van Eisinga, in een bloejenden ouderdom van haaren echtgenoot, den welgebooren heere Idzard Van Sminia, grietsman over Hennaarderadeel, reekenmeester van Vriesland, etc., etc., weggerukt den 27sten van Hooimaand 1733 en ter aarde besteld den 4den van Oogstmaand skreaun troch Albertus Lyklama à Nyeholt en útjûn yn 1733 troch Jakobus Ennema yn Frjentsjer.
Yn de súdmuorre fan de toer fan de Remigiustsjerke fan Spannum sit in tinkstien as oantinken oan de fernijing fan de toer yn 1742. Yn de stien it wapen fan Fan Sminia, dy't as grytman ferantwurdlik wie foar it werstel fan de toer. De tekst hjirfan is:
- In 't jaar 1742 is deze toren
- vernieuwd en verbetert onder
- de ed: de heer EDZARD van SMINIA
- Grietman over Henneradeel
- en Gentius Hesselius predikant te
- Edens en Spannum de kerkv[oogden] Jan
- Leenerds [en] Frans Baukes
Yn de muorre fan de tsjerke Waaksens sit ek soksoarte tinkstien. Ek hjir waard de tsjerketoer yn 1742 fernijd ûnder ferantwurdlikheid fan grytman Fan Sminia. De tekst dêrfan is:
- Int jaer 1742 is dese tooren ver
- neuit onder de ed: HEER EDZARD
- Van SMINIA Grietman over Hen
naarderadeel - en Petrus Horreus Predikant
- ende kerkvoogden Johannis Wigles
- Schulthetus en Anne Aukes
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|