Hobbe Baerdt fan Sminia (1730-1813)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Hobbe Baerdt fan Sminia (Eastermar, 8 desimber 1730 - Burgum, 25 maart 1813) wie grytman fan Aenjewier tusken 1757 - 1772 en fan Tytsjerksteradiel.

Hobbe wie soan fan de sekretaris fan de Steaten fan Fryslân, Jetze fan Sminia, en fan Wiskje fan Haersma. Hy troude op 8 desimber 1758 mei Louisa Albertina (4 april 1738 - 1790), dochter fan Hektor fan Glinstra, sekretaris fan Tytsjerksteradiel, en Eritia fan Glinstra, neidat hy yn 1757 grytman fan Anjewier wurden wie. Dy gritenij ferwiksele hy mei dy fan Tytsjerksteradiel op 5 maaie 1772, en beklaaide meardere amten binnen en bûten Fryslân. Sa wie er lid fan de Admiraliteit, foar Fryslân, yn Rotterdam ensfh.

Yn 1795 waard him syn post ôfnomd en waard Hobbe mei syn amtsgenoaten en oare Ljouwerter pommeranten, om syn bekende Prinsgesindheid, troch it folk yn it blokhûs fan Ljouwert finzen setten. Allinnich troch it tafallich binnenlûke fan Frânske troepen, koe syn libben en dat fan syn meifinzenen, waans terjochtstelling al besluten wie, sparre wurde. Lilk oer de ûntankbere behanneling fan syn meiboargers, ferklearre hy, fuort nei syn ûntslach, nea wer ien oft oare amt of betsjinning op him nimme te sillen, en hy hat wurd hâlden. Yn stilte libbe hy oant syn trije-en-tachtichste jier yn 1813 yn Burgum. Syn frou wie trettjin jier earder stoarn.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Baerdt van Sminia - Nieuwe naamlijst van grietmannen, 326;