Springe nei ynhâld

Eyzo de Wendt van Sytzama

Ut Wikipedy
Eyzo de Wendt baron van Sytzama (1843)

Eyzo de Wendt baron Van Sytzama (Ljouwert, 6 oktober 1816 - dêre, 18 july 1843) wie in Fryske bestjoerder. Eyzo, komt er foar as Eijzo, Eizo, Eiso, Eise en Eijse.

Eyzo as jonkje. Portret troch Willem Bartel van der Kooi

Van Sytzama wie in soan fan Maurits Pico Diederik van Sytzama, grytman, parlemintariër, foarsitter fan de Twadde Keamer en gûverneur fan Fryslân, en Geertruid de Wendt. Hy wie in telch út it laach Van Sytzama.

Syn heit stie yn heech oansjen by Joast Hiddes Halbertsma. Dy besocht Beslinga State dêrom ek faak en naam dan ien fan syn soannen mei om mei Eyzo te boartsjen.[1] Van Sytzama waard nei Ynstitút Noorthey, in kostskoalle yn Voorschoten, stjoerd foar't er rjochten studearje soe oan de Universiteit fan Utert.[2] Yn 1841 waard er troch syn heit, op dat stuit gûverneur fan Fryslân, beëdige ta grytman. Op de dei fan de ynauguraasje wiene der feestlikheden yn de hiele gritenij.[2] Mei't syn heit noch op Beslingastate wenne, boude er in bûtenpleats by Tsienzerbuorren.[3]

Van Sytzama boaske yn 1842 yn Ljouwert Rinske Heringa Cats (1822-1851), dochter fan Adrianus Heringa Cats en Richtje Johanna Gosliga. Nei syn ferstjerren troude Rinske fannijs mei Sible Speelman, Frysk steatelid.

Op 18 july 1843 wie er mei syn frou ûnderweis nei Ljouwert doe't er in beroerte krige dêr't oan stoar. Hy waard byset yn it famyljegrêf yn Friens. Op dy dei waard op alle tuorren yn Idaarderadiel de swarte flagge útstutsen.[4] Nei syn dea skreau Eeltsje Halbertsma in lofdicht oer him.[1] Yn de tsjerke fan Friens hinget in rouboerd foar Van Sytzama, dat teffens it jongste rouboerd yn Fryslân is.[5] De bou fan it hûs ûnder Tsienzerbuorren waard doe stillein en it al opboude part waard wer ôfbrutsen .[3]

  • Dissertatio historica juris publici de jure suffragandi in Frisia. Trajecti ad Rhenum [1841] (proefskrift)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Kuiper, Y. (2018). Friese adel weerspiegelt authentieke cultuur. Fryslân, Historisch Tijdschrift, 24(5), pp.8-11.
  2. 2,0 2,1 Meer, D.J. van der (1994). Friens en de van Sytzama's. Alphen aan de Rijn: Canaletto.
  3. 3,0 3,1 Meer, D.J. van der (1962). Beslinga state to Friens. Genealogysk Jierboek 1962, s.33-52.
  4. Huisman, K. (2012). Spoorloos Beslingastate. Van de rijke Van Sytzama’s resteren in Friens louter grafstenen. Fryslân, Historisch Tijdschrift, 18(5), pp.15-17.
  5. Meer, D.J. van der (1976). De rouwborden in de Ned. Herv. Kerk te Friens. Publikatieband Stichting Alde Fryske Tsjerken, II, s.21-32.