Springe nei ynhâld

Essen (Haren)

Ut Wikipedy
Essen

Essen is in buorskip yn de gemeente Grins yn Grinslân, en leit oan de râne fan de stêd Grins. It leit yn de griene buffer tusken de stêd en it doarp Haren.

Yn 1215 waard hjir in frouljuskleaster stifte dat by de oarder fan de sistersjenzers hearde. Dit kleaster Yesse (letter ek wol kleaster Essen neamd) hat bestien oant 1594. By de reformaasje kaam it yn hannen fan de provinsje Grinslân dy't it kleaster sleat. It kleaster hie wat namme omdat it in wûnderdiedich Marijebyld hân hawwe soe. Fan it kleaster is tsjintwurdich gjin spoar mear werom te finen.

It hjoeddeiske Essen bestiet út sa'n tweintich pleatsen dy't oan in rûnrinnende strjitte lizze.

It fuortbestean fan it buorskip wurdt al jierren bedrige troch plannen om besuden Grins in nije rûnwei oan te lizzen, de saneamde Súdtangent. De gemeente Haren hat him dêr altiten tsjin fersetten. De wei komt net mear foar yn it Provinsjaal Omjouwingsplan (POP) fan de Provinsje Grinslân.

Grins
Stêd:
Grins
Doarpen:
GarmerwoldeGlimmenHarenHarkstede (foar in part)HoogkerkLagelandLellensMeerstadMiddelbertNoarddykNoardlarenOnnenPaterswolde (foar in part) • Sint-AnnenTen BoerTen PostThesingeWinneweer (foar in part)WitewierrumWoltersum
Buorskippen:
Achter-ThesingeBoltklapBouwerschapBovenrijgeDilgtDorkwerdEngelbertEmmerwoldeEssenEuvelgunneFellandHarendermolenHemertHemmenLeechtsjerkHoornsedijkKlein HarkstedeKröddeburenLagewegLutjewolde (foar in part)OosterdijkshornOude RoodehaanRoodehaanSlaperstilSteerwoldeVierverlatenZevenhuisjes
Eardere doarpen en buorskippen:
NoorderhoogebrugOosterhoogebrugRuischerbrug
Wetter:
HoendjipNoard-WillemskanaalPaterswoldsemar (foar in part)WynskoaterdjipVan Starkenborghkanaal
· · Berjocht bewurkje