Springe nei ynhâld

Elysium

Ut Wikipedy
Goethe's Ankunft im Elysium fan Franz Nadorp.
Dizze side giet oer it hjirneimels yn 'e Grykske mytology. Foar oare betsjuttings, sjoch: Elysium (betsjuttingsside).

It Elysium, ek bekend as de Elysyske Fjilden (Aldgryksk: Ἠλύσιον πεδίον, Ēlýsion pedíon), is in foarm fan it hjirneimels yn 'e Grykske mytology, dy't letter grutte ynfloed útoefene hat op 'e foarstelling fan 'e kristlike himel. It idee fan it Elysium ûntjoech him troch de tiid hinne en it leauwe deryn waard aktyf oanfitere troch beskate religieuze streamings en sekten. Ek ferskate dichters en filosofen makken foar harren wurken tankber gebrûk fan it Elysium, ûnder wa Homearus en Hesiodus.

Yn 'e foarstelling fan it hjirneimels yn 'e kontekst fan 'e Grykske mytology stie it Elysium los fan Hades, de ûnderwrâld dy't it domein fan 'e god Hades wie. Dat plak waard foarsteld as in soarte fan hel, wylst it Elysium mear in soarte fan himel wie. Oarspronklik koene dêr inkeld helden yngean, en stjerlingen dy't besibbe wiene oan 'e goaden. Letter feroare de foarstelling ta in plak dêr't alle rjochtfeardigen tagong hiene, en teffens dyjingen dy't dêrta troch de goaden útornearre waarden. Yn it Elysium hiene dyselden in nij en lokkich bestean dat ivich duorre, wêrby't se sûnder ein dwaan koene wat harren yn it libben it measte geniet skonken hie.

Neffens Homearus leine de Elysyske Fjilden by de stream Okeanos, oan 'e westlike râne fan 'e Ierde, dy't doedestiden noch as in platte skiif foarsteld waard. Yn 'e tiid fan 'e dichter Hesiodus stie it Elysium ek wol bekend as de "Fortúnlike Eilannen" of de "Eilannen fan 'e Seingen". Dy soene lein hawwe yn 'e westlike oseaan, oan 'e ein fan 'e Ierde. De Tebaanske dichter Pindarus brocht de Fortúnlike Eilannen yn syn wurk werom ta ien inkeld eilân, dat oerdutsen wie troch fan beammen beskade tunen en parken, dêr't de bewenners har oerjoegen oan sportive en muzikale tiidferdriuwen. Wa't oer it Elysium regearret, ferskilt fan skriuwer ta skriuwer. Pindarus en Hesiodus neame Kronos as hearsker, wylst Homearus yn syn Odyssee fernijt dat it ûnder it bewâld stiet fan 'e blûnhierrige Radamantus

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.