Springe nei ynhâld

Else Mellema

Ut Wikipedy

Else Mellema, ek: Eduard Leo Mellema, (Ljouwert?, 1544 - ?) wie in dichter en boekhâlder.

Hy wie in soan fan de Ljouwerter boargemaster Lieuwe Mellema. Hy folge in klassike oplieding, wenne yn Aken, Antwerpen en Haarlim. Yn Antwerpen joech hy les yn it Frânsk en skreau in Frânsk-Flaamsk wurdboek en in Arithmetica yn 2 dielen.

Syn foarnaamste wurk Boeckhouder na de conste van Italien, met twee partyen als debiteur ende crediteur (Frjentsjer 1590), is in hichtepunt yn de Nederlânske lear fan it boekhâlden. Yn syn striid mei de skolaster Gabriël Murrier stie hy skouder oan skouder mei de korrektor fan Plantijn's drukkerij en bewurker fan it Nederlânsk-Latynsk wurdboek (Antwerpen 1588 en 1599) Cornelis Kiliaen, en it is net ûnmooglik dat hy dy holpen hat by Fryske wurden út dit standertwurk. As dichter fan Latynske fersen skreau hy epigrammen, in lokwinsk op de yntocht te Antwerpen fan Frans fan Valois, hartoch fan Alençon (1582) en gedichten op Haarlim. It meast fertsjinstlike is syn Laus Frisiae (Antwerpen 1573), dêr't hy de doarpen om Ljouwert yn ferhearliket en Wigle fan Aytta mei syn laach ek. Hy blykt in fûl katolyk te wêzen en in trou oanhinger fan it Habsburchske Hûs. Fan syn soan zoon Eduard komt in sonnet foar yn P. Bor, Nederlandsche Oorloghen (1621). De namme fan in oare soan Leo en fan syn dochter Sjouck stiet op in Nautilusbeker fan jonkhear Mr. J. Röell yn De Haach.

Mellema syn portret, mei de spreuk Fide sed vide, stiet yn 'Bodders yn de Fryske Striid' (fan Wumkes, Boalsert 1926), 223.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oer Else Mellema
  • P.G.A. de Waal - De leer van het boekhouden in de Nederlanden tijdens de 16e eeuw (Roermond 1927), 198-221; Katalogus Arti, (1880), no. 101; mijn opstel in Paden fen Fryslân (Boalsert 1932), 141-146.
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Mellema, Else.