Springe nei ynhâld

Elektra (toanielstik fan Euripides)

Ut Wikipedy
Elektra
algemiene gegevens
oarspr. titel Ἠλέκτρα
auteur Euripides
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun ±413 f.Kr.
1e opfiering ±413 f.Kr., Atene
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Elektra
publikaasje (net útjûn)
oersetter Klaas Bruinsma

Elektra, yn it oarspronklike Aldgryksk: Ἠλέκτρα, Ēlektra, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Euripides480406 f.Kr.), dy't him derfoar basearre op 'e myte oer Agamemnon, de kening fan Mysene (yn it stik fan Argos), dy't fermoarde waard troch syn frou Klytemnêstra en wrutsen troch syn bern Orestês en Elektra. Deselde ferhaalstof waard ek brûkt troch Sofoklês, yn dy syn lyknammige stik (Elektra), en troch Aiskylos yn syn trageedzje De Offerplingsters. It is net alhiel dúdlik wannear't Euripides syn Elektra skreau; dat moat yn 410-er jierren west hawwe, wierskynlik omtrint 413 f.Kr. It stik waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.

Doe't Agamemnon, de kening fan Argos, as oanfierder fan it alliëarre leger fan 'e Griken ôfsette nei Troaje, brocht er in minske-offer yn 'e foarm fan syn dochter Ifigeneia, om 'e tagedienens fan 'e goadinne Artemis ôf te smeekjen. Doe't er nei tsien jier as oerwinner thúskaam, waard er dêr opwachte troch syn frou Klytemnêstra en har minner Aigisthos, dy't him om hals brochten sadree't er troch de doarren fan syn paleis stoep. It toanielstik begjint jierren letter. Elektra, de dochter fan Agamemnon en Klytemnêstra, is ûnderwilens oan in boer ta frou jûn, om't har mem bang wie dat as hja mei in ealman troude, har bern letter gauwer wraak nimme wolle soene foar de moard op harren pake. De boer, lykwols, is in guodlik man, dy't noch Elektra har heech komôf, noch har fammesteat skeind hat. Lykwols hat Elektra it grau op har mem, fanwegen wat hja beskôget as in soarte fan ballingskip dy't har oplein is.

Orestês, Elektra en Hermes by de tombe fan Agamemnon (ôfbylding op in Attyske faas).

Elektra har broer, Orestês, is nei de moard op Agamemnon troch in âlde tsjinstfeint it lân útsmokkele en is opgroeid oan it hof fan 'e kening fan Fokis, dêr't er goede freonen wurden is mei Pûladês, de Fokityske kroanprins. No't Orestês folwoeksen wurden is, sint er op wraak foar de moard op syn heit. Tegearre mei Pûladês reizget er nei Argos ta, dêr't hja by Elektra en har man yn 'e hûs bedarje. Hoewol't se harren identiteit ferburgen hâlde om oan ynformaasje te kommen, ken de âld tsjinstfeint fan Elektra, deselde dy't Orestês as jonkje it lân út smokkele hat, him werom oan in groede. Sa wurde broer en suster mei-inoar weriene, en daliks begjinne se gear te spannen tsjin harren mem en styfheit.

Se stjoere de âlde tsjinstfeint derop út om Klytemnêstra nei Elektra har hûs ta te lokjen mei it boadskip dat hja befallen is fan in bern. Underwilens set Orestês ôf, fermoardet Aigisthos en komt werom mei it lyk fan 'e man. Hoewol't syn wisberettens begjint te wifkjen by it foarútsjoch op matriside, wit Elektra him te bepraten om it dochs troch te setten. As harren mem arrivearret, dogge se har dea troch har in swurd yn 'e mûle en omleech it lichem yn te ramen (wat trouwens inkeld ferteld en net toand wurdt). Neitiid fiele se harren allebeide slim skuldich, mar dan ferskine oan harren Klytemnêstra har fergoade bruorren, de Dioskueren Kastor en Polydeukes (better bekend ûnder harren latinisearre nammen Kastor en Polluks). Dy fertelle oan Orestês en Elektra dat harren die fan matriside in beskamsumenien wie, ek al hie Klytemnêstra sa'n ein fertsjinne. It stik einiget as de beide memmemoardners ynstruksjes krije oer hoe't se harren sielen lotterje moatte fan 'e besmodzging fan harren misdie.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Ēlektra waard wierskynlik yn 'e njoggentiger jierren makke troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter ek ferantwurdlik wie foar de Fryske fertalings fan Homêros syn Ilias en Odyssee en fan alle sân oerlevere trageedzjes fan Sofoklês. Yn in fraachpetear mei Abe de Vries, ta gelegenheid fan it ferskinen fan 'e Fryske Ilias en Odyssee, yn 2004, fertelde Bruinsma dat er ek Elektra fan Euripides yn it Frysk oerset hie.[1] Yn 'e katalogus fan Tresoar is dat lykwols net werom te finen, dat Elektra leit spitigernôch wierskynlik noch earne by Bruinsma thús yn in laad te stofgarjen. It is dan ek net krekt dúdlik wannear't de oersetting krekt makke is, mar it moat foàr 2004 west hawwe, en mei it each op it feit dat Bruinsma yn 'e jierren njoggentich tige yn 't spier west hat mei it fertalen fan oare Aldgrykske trageedzjes (wêrûnder Euripides syn Alkêstis, dat er yn 1995 oersette), sil Elektra foar 't neist ek út dy snuorje datearje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Vries, Abe de, It magnum opus fan Klaas Bruinsma: de Ilias en de Odyssee yn it Frysk.

Boarnen

  • Vries, Abe de, It magnum opus fan Klaas Bruinsma: de Ilias en de Odyssee yn it Frysk, 2004: (fraachpetear).

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.