Springe nei ynhâld

Matriside

Ut Wikipedy

Matriside of memmemoard is de moard op jins eigen mem. Skiedkundige foarbylden fan matriside binne: de Egyptyske keninginne Kleopatra III, dy't yn 101 f.Kr. op befel fan har soan, Ptoleméus X, fermoarde waard; Agrippina de Jongere, dy't yn it jier 59 wierskynlik op befel fan har soan, de Romeinske keizer Nearo, fermoarde waard; en de Parker-Hulme-moard, yn it Nij-Seelânske Christchurch, yn 1954, dêr't troch regisseur Peter Jackson yn 1994 de film Heavenly Creatures oer makke is. Yn 'e literatuer is nei alle gedachten it bekendste gefal fan matriside de moard troch Orestês op syn mem Klytemnêstra, om syn heit Agamemnon te wreekjen, in ferhaal dat fêstlein is troch alle trije grutte Ateenske toanielskriuwers út 'e Aldheid: troch Aiskylos yn De Offerplingsters, it middelste diel fan syn Oresteia-trilogy; troch Sofoklês yn Elektra; en troch Euripides yn dy syn Elektra.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.