Springe nei ynhâld

Eiger

Ut Wikipedy
Eiger
  berch
De noardwand fan 'e Eiger.
De noardwand fan 'e Eiger.
Eiger (Switserlân)
Eiger
Lokaasje fan 'e Eiger yn Switserlân.
geografy
lân Switserlân
kanton Bern
gemeente Grindelwald
Lauterbrunnen
berchtme Alpen
koördinaten 46°34′39″ N 8°0′19″ E
sifers
hichte b. seenivo 3.967 m
relative hichte >3.000 m
oar
stiensoarte kalkstien
1e beklimming 11 augustus 1858
1e beklimmer Christian Almer
Peter Bohren
Charles Barrington

De Eiger (Dútske útspr. [ˈai̭ɡɐ], likernôch: "ai-gah") is in ferneamde berch yn 'e Alpen fan Switserlân, mei in hichte fna 3.967 m. De namme 'Eiger' is Dútsk foar "oger", in minskeslinende reus. De berch waard foar it earst beklommen yn 1858. Sûnt 1935 binne der teminsten 64 berchbeklimmers by in beklimming fan 'e Eiger omkommen.

De Eiger, dy't in hichte hat fan 3.967 m, makket diel út fan 'e Berner Alpen, dy't sels wer ta it folle gruttere berchtme fan 'e Alpen hearre. De berch sjocht út oer en heart bestjoerlik ta de gemeenten Grindelwald en Lauterbrunnen yn it Berner Boppelân fan it Switserske kanton Bern, krekt benoarden de wetterskieding mei it kanton Wallis (Frânsk: Valais). De Eiger is de eastlikste top fan in berchrêch dy't fia de Mönch (4.107 m) sa'n 5,6 km nei it súdwesten rint en einiget yn 'e Jungfrau (4.158 m). Mei syn trijen foarmje dy trije bergen ien fan 'e meast ikoanyske fiergesichten fan 'e Switserske Alpen.

De Eiger hat trije rotswanden: oan 'e noardkant (of sekuerder eins yn it noardnoardwesten), oan 'e eastkant (eins it eastsúdeasten) en oan 'e westkant (eins it westsúdwesten). It opmerklikst is de 1.800 m hege noardwand, dy't bekendstiet as de Eigerwand, dat de grutste nei it noarden wizende rotswand yn 'e Alpen is. Dy reuseftige toer sjocht út oer kalm opdragende berchgreiden tusken Grindelwald (943 m) en Kleine Scheidegg (2.061 m), en teffens oer in treinstasjon en berchpas, dêr't Grindelwald troch ferbûn wurdt mei Lauterbrunnen en Wengen yn 'e oanbuorjende delling. De súdkant fan 'e Eiger sjocht út op 'e grutte gletsjers fan 'e Jungfrau-Aletsch-krite, it meast fergletsjere diel fan 'e Alpen.

Beklimmingsskiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste súksesfolle beklimming fan 'e Eiger waard foltôge op 11 augustus 1858, doe't de Ierske berchbeklimmer Charles Barrington en de Switserske gidsen Christian Almer en Peter Bohren de top berikten fia de westflank fan 'e berch. De earste frou dy't de top fan 'e Eiger berikte, wie Lucy Walker yn 1864. De noardwand fan 'e Eiger wie de lêste grutte ûnbetwongen berchskeante yn 'e Alpen, en waard foar it earst op 24 july 1938 mei súkses beklommen troch in Dútsk-Eastenrykske ekspedysje besteande út Anderl Heckmair, Ludwig Vörg, Heinrich Harrer en Fritz Kasparek. Sûnt 1935 binne der by beklimmings fan 'e noardwand teminsten 64 berchbeklimmers omkommen. Dat hat derta laat dat de noardwand fan 'e Eiger mei in wurdboarterij ek wol bekend stiet as de Mordwand (Dútsk foar "moardwand").

De Eiger, sjoen út it noardeasten wei.

Spoarline troch de berch hinne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de Eiger inkeld beklommen wurde kin troch profesjonele alpinisten, binne der yn it binnenste fan 'e berch in spoartunnel en twa ynterne spoarstasjons úthoud: Eigerwand (efter de noardwand op 2.864 m) en Eismeer (efter de súdwand op 3.159 m). Beiden meitsje diel út fan 'e Jungfrauspoarline, dy't fan Kleine Scheidegg nei it Jungfraujet rint, tusken de Mönch en de Jungfrau yn. By beide stasjons binne finsters yn 'e rotswand útkappe, sadat de reizgers fan 'e Eiger oer it omlizzende lânskip útsjen kinne. Sûnt 2016 wurdt it Eigerwandstasjon net mear regelmjittich oandien.

Yn 'e popkultuer is de Eiger benammen bekend fan 'e Hollywood-produksje The Eiger Sanction, in Amerikaanske spionaazjeskriller ûnder rezjy fan Clint Eastwood en mei himsels yn 'e haadrol. Dêryn komt in beklimming fan 'e noardwand fan 'e Eiger foar, dy't op lokaasje op 'e Eiger filme waard. The Eiger Sanction wie de earste film oer in berchbeklimming dy't echt yn 'e bergen opnommen waard; eardere produksjes hiene allegear gebrûk makke fan papier-mâché-bergen yn 'e filmstudio. De filmcrew waard begelaat troch ferskate berchbeklimmers mei gâns ûnderfining, lykas Mike Hoover, Dougal Haston en Hamish MacInnes, mar dochs foel der by de opnamen in deade, te witten de 26-jierre Britske berchbeklimmer David Knowles, dy't ferplettere waard ûnder in loskommen rotsblok.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.