Springe nei ynhâld

Eifel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eifelberchtme)
De Eifel

De Eifel is middelheech berchgebiet. De Eifel leit foar it grutste part yn Dútslân, yn it súdwesten fan Noardryn-Westfalen en it noardwesten fan Rynlân-Palts. It Dútsktalige diel fan Belgje heart ek by de Eifel. Yn it westen rint de Eifel oer yn de Ardennen. Yn it súd-easten grinzet de Eifel oan de Mosel, yn it easten oan de Ryn, en yn it noarden oan de stêd Aken. It heechste punt is de Hohe Acht (747 meter). Yn it Tertiêr wie de Eifel in fulkanysk gebiet. De kraters binne hjoed de dei noch yn it gebiet te sjen. De lêste útbarsting wie sa likernôch 10.000 jier lyn.

Yn 2004 waard it Nasjonaal Park Eifel oprjochte. It natoerpark yn it noarden fan de Eifel beslacht 110 km².

  • De Nürnburgring is in autosirkwy dat ûnder oare foar Formule 1 races brûkt wurdt.
  • It Eifelakwadukt wie ien fan de langste akwadukten fan it Romeinske Ryk. It akwadukt waard brûkt om de stêd Keulen fan wetter te foarsjen.
  • De geiser Wallender Born yn it doarp Wallenborn.
  • De rivieren yn de Eifel kinne brûkt wurde foar wyldwetteraktiviteiten lykas kajakken, hydrospeeden en raften.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Eifel fan Wikimedia Commons.