Edith Stein

Ut Wikipedy
Edith Stein
   hillige
Edith Stein (1939)
Edith Stein (1939)
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 12 oktober 1891
berteplak Breslau (tsjintwurdich Wrocław)
stjerdatum 9 augustus 1942
stjerplak Auschwitz
etnisiteit Dútsk; joadsk
wurkpaad
kleasteroarder Oarder fan de Karmelitessen
hillichferklearring
sillich ferkl. 1 mei 1987
hillich ferkl. 11 oktober 1998
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 9 augustus (R.-K.)
attributen Karmelitessenhabyt, davidstjer
patroan fan Jeropa

Edith Stein of Teresa Benedicta fan it Krús (Breslau yn Sileezje, 12 oktober 1891Auschwitz-Birkenau, faaks 9 augustus 1942) wie in Joadsk-Dútsk filosofe en karmelitesse. Hja groeide op yn in otterdoks joadsk gesin, mar waard as opslûpen fanke ateïste. Se studearre yn 1916 ôf yn û.m. psychology en filosofy oan 'e Universiteit fan Göttingen, en nei't se ûnder ynfloed fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke kommen wie, liet se har yn 1922 dope. Jierrenlang wurke Stein as skoaljuffer en letter as pedagoge, oant dat har ûnder it nazy-rezjym fanwegen har Joadsk komôf ûnmooglik makke waard. Dêrop die se yn 1933 yn in kleaster yn Keulen har yntrede as karmelityske non. Yn 1938 waarden sy en har suster Rosa, dy't har ek ta it kristendom bekeard hie en troch Stein by de karmelitessen belutsen rekke wie, troch de lieding fan 'e oarder foar harren feilichheid nei Nederlân ta stjoerd, dêr't se ferbleaune yn Echt (Limburch). Se waarden dêr yn augustus 1942 troch de nazys oppakt en fuortendaliks nei Auschwitz stjoerd, dêr't se yn 'e gaskeamers fermoarde waarden. Paus Jehannes Paulus II ferklearre Edith Stein sillich op 1 maaie 1987 en hillich op 11 oktober 1998. Stein jildt as brêgebouster tusken kristenen en joaden.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Edith Stein (om 1920)

Edith Stein waard as jongste fan alve bern yn in joadsk-otterdokske famylje berne. Fjouwer bern wiene al foar de berte fan Edith ferstoarn. Har heit, de keapman Siegfried Stein, ferstoar doe't Edith in jier wie. De mem, August Stein-Courant, pakte de hannel fierder op en soarge der foar dat alle bern in goede oplieding krigen.

Nei it lyceum yn Breslau holp hja in heal jier har âldste suster Else Gordon yn Hamburch, dy't twa bern hie. De noch jonge Edith ûntwikkele in krityske ferhâlding ta de religieuze tradysje fan it âldershûs en hja neamde harsels in skoftke ta grut fertriet fan har mem ateïst. Werom yn Breslau soarge har mem der foar dat se nei in koarte tiid privee-ûnderwiis yn 1908 yn koarte tiid it gymnasium mei súskes ôfmeitsje koe.

Oan de universiteit fan Breslau begûn se in ûnderwiisstúdzje en folge se de fakken psychology, filosofy, skiednis en germanistyk. Sy skreau letter dat se yn dy tiid it minskdom tsjinje woe. Letter studearre hja oan de universiteiten fan Göttingen en Freiburg im Breisgau, mar yn 't lêst wer yn Breslau.

Nei har staatseksamen en it proefskrift "Zum Problem der Einfühlung" wie se oant 1918 wittenskiplik assistint fan har doktoraal promotor, de filosoof Edmund Husserl yn Freiburg. It doktoraat wie tige fertsjinne, mar se waard net talitten ta in habilitaasje. Oan de universiteit yn Göttingen tsjinne hja yn 1919 om 'e nocht de habilitaasje-tesis "Psychische Kausalität" yn en yn Breslau en Freiburg im Breisgau hie se gjin súkses mei de filosofyske behanneling "Potenz und Akt". Alle kearen mislearre it om't Edith in frou wie. Edith Stein revisearre en foltôge it wurk yn de nazy-tiid yn 1936 ûnder de titel "Endliches und ewiges Sein", dat pas nei it ein fan de kriich yn 1950 publisearre waard.

Bekearing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kearpunt yn it libben fan Edith Stein wie it lêzen fan de autobiografy fan de hillige Teresia van Ávila. Op 1 jannewaris 1922 waard Edith Stein yn Bad Bergzabern yn it suden fan Rynlân-Palts mei de doop opnommen yn de Roomsk-Katolike Tsjerke. Mei Peaske 1923 ferhûze Edith Stein nei de Palts, dêr't se troch har spirituele begelieder en domfikaris Joseph Schwind oan in baan as ûnderwizeres oan de skoalle fan de dominikanessen fan Sint-Magdalena yn Speyer holpen waard.

Doopfont Bad Bergzabern

Tusken 1927 en 1933 hie Edith Stein in yntinsyf kontakt mei de aartsabdij fan Beuron. Se hat der teminsten fyftjin kear west. It wie de abt fan de abdij dy't har jierrenlang ôfhold fan it plan om yn te treden yn de Karmel. Hy trune har oan om dochs foaral bûten it kleaster har wurk fuort te setten. Yn 1932 gyng Edith Stein wurkjen yn it Dútske Ynstitút foar wittenskiplike Pedagogyk, in katolyk ynstitút yn Münster, dêr't se graach de Sint-Liudgertsjerke besocht. Yn Münster hold hja har dwaande mei û.o. de hillige Tomas fan Akwino. Yn dy tiid kaam hja ek yn 'e kunde mei de filosoof Peter Wust en hold se foardrachten oer saken oangeande froulju en ûnderwiis foar fammen.

Ferfolging en yntrede kleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't Hitler yn jannewaris 1933 oan 'e macht kaam, kulminearren de jimmeroan faker foarkommende rellen fan nasjonaal-sosjalisten tsjin joaden op 1 april 1933 yn de rop om in boykot fan Joaden en de dêrút folgjende pogromstimming. Healwei april fan dat jier skreau Edith Stein in brief nei paus Pius XI mei it fersyk te protestearjen tsjin de joadenferfolging. It moat Edith Stein ôffallen wêze dat der net in iepenlike feroardieling fan it Fatikaan folge. In pear dagen earder wiene nammentlik de ûnderhannelings oer it Rykskonkordaat útein set om Hitler's aksjes tsjin de Tsjerke yn Dútslân te beheinen, mar dêr't Hitler him letter net in soad oan steurde.

Under druk fan it nazyrezjym moast Edith Stein om it ynstitút foar repressailles te behoedzjen ein april 1933 har wurk yn Münster opsizze. Op 14 oktober 1933 die Edith Stein har yntrede as postulant yn it kleaster Karmel Maria vom Frieden yn Keulen en in heal jier letter naam se de oardernamme Teresia Benedicta a Cruce (Teresa Benedicta fan it Krús) oan. Twa jier letter, yn 1936, liet Edith's âldere suster Rosa Stein (1883–1942) har ek dope.

Ferhûzing nei Nederlân en deportaasje nei Auschwitz[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Búste fan 'Teresa Benedicta fan it Krús', Johann Brunner, 2009

Om de Karmel yn Keulen gjin swierrichheden te besoargjen ferhûze Edith Stein mei har suster Rosa yn 1938 nei de Karmel yn Echt yn Súd-Limboarch. Doe't ûnder de Dútske besetting de deportaasjes fan joaden begûnen, protestearden de katolike en protestantske tsjerken fan Nederlân iepenlik by Seyss-Inquart.[1] Ek fregen de tsjerken om frijstelling fan joaden dy't doopt wiene. Seyss-Inquart stelde doe út om alle joaden dy't foar 1941 doopt wiene frij te stellen fan transport, ûnder betingst dat de tsjerken dan fierder harren mûle hâlde moasten en ôfseagen fan in protest fan de preekstoel.

De katolike aartsbiskop fan Utert, Johannes de Jong, publisearre op 26 july 1942 in herderlik skriuwen tsjin de Dútske behanneling fan de joaden. As réaksje op de brief waarden op 2 augustus 1942 244 katolike joaden troch de Gestapo oppakt en nei kamp Westerbork deportearre. Dêrûnder wiene ek Edith en Rosa Stein. Fanút Westerbork waarden de twa susters op 7 augustus nei it ferneatigingskamp Auschwitz-Birkenau deportearre en dêr op 9 augustus 1942 fergast.

Ek nei de bekearing bleau Edith Stein harsels rekkenjen ta it joadske folk. De doop en de yntrede yn it kleaster rôp spannings yn de famylje op, benammen mei har mem, dy't de bekearing ta it katolisisme as apostasy beskôge.

Edith Stein seach it as har opdracht it lijen fan har folk yn hart hert te sluten en it oan God as soenoffer oan te bieden. Yn 'e hjerst fan 1938 skreau hja: "Ik moat altiten wer oan keninginne Ester tinke, dy't by har folk weihelle waard om út namme fan it folk foar de kening te stean. Ik bin in tige earme en in swakke, lytse Ester, mar de Kening dy't my útkeazen hat is ûneindich grut en barmhertich".

Hoe bot Edith Stein oant it lêst ta mei har joadske komôf ferbûn west hat bewiisde ien fan har lêste opmerking doe't se mei har suster troch de Gestapo út de Karmel fan Echt helle waard: "Kom, wie geane foar ús folk". It lêste libbensteken fan Edith Stein wie in briefke, dat se op it stasjon yn Schiffer­stadt yn de Palts út de deportaasjetrein smiet. Dêr stie de trein mar in pear kilometer noardlik fan it Magdalenakleaster dêr't Edith wurke hie. Op it briefke die se de groetnis oan de susters fan it Magdalenakleaster.[2]

Ferearing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Relyk fan Edith Stein yn de dom fan Speyer

Paus Johannes Paulus II spriek Edith Stein op 1 maaie 1987 yn Keulen sillich. De hillichferklearring fûn op 11 oktober 1998 yn Rome plak. Edith Stein heart tegearre mei de hillige Birgitta en de hillige Katarina fan Siena ta de beskermhilligen fan Jeropa. Op 9 augustus wurdt Edith Stein yn de Jeropeeske lannen betocht.

Op de hillichferklearring fan Edith Stein as martler fan it leauwe folge ek krityk. Guon woene ha dat hja earder fanwegen har joadske komôf dan fanwegen har katolike leauwe fermoarde waard. It Fatikaan lykwols stiet op it stânpunt dat Edith Stein arrestearre en op transport steld waard fanwegen de iepenlike feroardieling troch it Nederlânske aartsbisdom fan de joadenferfolging yn 1942, yn oare wurden se stoar fanwegen de tsjerklike morele lear en sadwaande is se in echte martler. By de hillichferklearring neamde paus Johannes Paulus II har in "dochter fan Israel", dy't "as katolyk trou bleau oan de Heare Jezus Kristus, en as joadinne, oan har folk yn leafdefolle trou".[3]

Sintra fan ferearing fan Edith Stein binne Echt en Speyer. Yn de Landrikustsjerke yn Echt wurdt de koarmantel fan Edith Stein bewarre[4], wylst yn de dom fan Speyer in stikje stof fan har klean is ferwurke yn in stjerfoarmige relykhâlder. Yn de skoalle fan it Magdalenakleaster net fier fan de dom fan Speyer is in útstalling oer Edith Stein.[5]

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Zum Problem der Einfühlung (dissertaasje) Halle, 1917
  • Potenz und Akt (Habilitationsschrift), 1931
  • Endliches und ewiges Sein, 1937, postúm: Herder Verlag, Freiburg im Breisgau, 1950
  • Kreuzeswissenschaft. Studie über Johannes vom Kreuz, postúm: Herder Verlag, Freiburg im Breisgau, 2003
  • Edith Stein. Leven aan Gods hand (Ilse Kerremans), Halewijn, Antwerpen, 2015

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Edith Stein