Ebbing Kiestra
Ebbing Kiestra (1913-1999), berne yn Dokkumer Nije Silen wie arsjitekt BNA.
Kiestra wie gemeentearsjitekt yn Westerbork (1943-1948), mei-inisjator en -oprjochter en earste arsjitekt fan it Bouwfûns. Dêrnei wie er selsstannich arsjitekt yn Westerbork (1948-1952), direkteur-arsjitekt fan it Koöperative Bouburo foar de Lânbou te Arnhim (1952-1975) en selsstannich arsjitekt te Rheden (1975-1983).
Pleatsen en bibleteken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ebbing Kiestra wie as arsjitekt spesialisearre yn pleatsen en bibleteken. Yn de grutte nei-oarlochske ruilferkavelings fan Vriezenveen en it Lân fan Maas en Waal wienen de measte pleatsen fan syn ûntwerp. Hy kombinearre nije techniken en funksjonele easken yn moderne farianten fan de tradisjonele Fryske kop-hals-romppleats. Hy wie anneks mei de ûntwikkeling fan de earste iepen rinstâl yn Nederlân en hy yntrodusearre it brûken fan gasbeton (Durox) yn stâlbou. As arsjitekt hie hy it prinsipe dat funksjonaliteit liedend wie en de foarmjouwing folgjend. Nije ideeën en tapassings die hy faak op by jierlikse besites oan Denemark, benammen ek op it mêd fan bibleteken. Yn Oerisel hat hy sawat 65 bibleteekûntwerpen op syn namme stean. Dêrneist ûntwurp hy kantoar- en bedriuwsgebouwen û.o. kantoar CBTB, (Alkmar), Sintrale Plattelânsbibleteken (Swol/Berkum), loadsen (Spijkenisse); húshâldskoalle (Westerbork), filla's, bungalows, wenhuzen, KY-stasjons (Bunnik, Raalte), gersdrûgerij (by Easterwâlde) winkelpeien (Arnhim), ensfh. Hy wie teffens ûnderhâldsarsjitekt fan de bûtenpleatsen Kastiel De Haar (Haarzuilens), huzinge Warmelo (Diepenheim), Kastiel Middachten (Rheden). In soad pleatsen waarden troch him nij ûntwurpen of renovearre foar Steatsboskbehear, rintmasters en in soad partikuliere opdrachtjouwers.
Tekener
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ebbing Kiestra wie ek in fertsjinstlik akwarellist en tekener. Hy wie in autodidakt en wurke benammen yn de saneamde wiet-yn-wiet akwareltechnyk. Syn typysk Nederlânske lânskippen en steds-, doarps- en riviergesichten hawwe in natuerlike en nostalgyske útstrieling en toane in grutte leafde foar de moaie en rêstige plakjes fan Nederlân. Yn de jierren tritich fan de tweintichste iuw produsearre hy in oantal pintekeningen fan doarpstsjerken foar de Ljouwerter Krante. Hy hie tentoanstellings yn û.o. Aerdt (1982, 2005), Beetstersweach, Doesburg, Rheden, Scarborough (Kanada), Staphorst, Wolfheze, Zuidwolde en Swol.