Springe nei ynhâld

Rheden (plak)

Ut Wikipedy
Rheden, tsjerke
Rhederhof
Rheden

Rheden is in plak en in gemeente yn de provinsje Gelderlân. It plak hat 7.450 ynwenners.

De namme Rheden komt fan Rheton wat "plak dêr't de reiden groeie" betsjut. It doarp wurdt foar it earst neamd yn 1059 as Rethen. Yn de 12e en 13e iuw wurdt de namme fan it doarp ek skreaun as Rethe, Rhede, Rede en Reden. De rivierklaai fan de Isel wie goed brûkber om bakstiennen fan te meitsjen en Rheden hat dan ek lang in stienbakkersdoarp west. By't winter koe der net wurke wurde yn de stienfabriken en wie der in soad earmoede. Yn de njoggentjinde iuw fêstige him ek oare yndustry yn it doarp.

It besjen wurdich is de protestantske Doarpstsjerke, om 1500 boud mei in romaanske toer út de 12e iuw. By it doarp binne it Besikerssintrum Feluweseam en de Posbank.

Berne yn Rheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]