Vriezenveen
Vriezenveen | ||
Herfoarme Tsjerke fan Vriezenveen (2013) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Twinterâne | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 13.845 (2023) [1] | |
Oerflak | 35,73 km² dêrfan lân: 35,24 km² dêrfan wetter: 0,49 km² | |
Befolkingsticht. | 387 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | Spoar fan Mariënberg nei Almelo, N36, N749 | |
Postkoade | 7681 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 24' NB, 6° 37' EL | |
Kaart | ||
Vriezenveen (Nedersaksysk: t Vjenne) is in doarp yn de gemeente Twinterâne wêrfan it it haadplak is yn de provinsje Oerisel en makket diel út fan de regio Twinte. Vriezenveen hie yn 2023, 13.845 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste fermelding fan Vriezenveen komt út 1364, doe't Evert van Hekeren, hear fan Almelo, in privileezje brief skreau foar de frije Friezen, harren erfgenamten en alle minsken dy't op it fean wennen.
De Dútske biskop út Münster Bearend fan Galen, bynamme "Bommen Berend", plondere en roofde om 1665 Twinte hinne leech. Oan 1665 ta bleau Vriezenveen sparre, om't it omjûn wie troch moeras en fean. Der wie mar ien wei nei Vriezenveen en dy waard bewekke troch Steatsle troepen. Mar yn 1666 wie it in strange winter, wêrtroch't it fean en it moeras befrear. Vriezenveen lei iepen en yn jannewaris 1666 dinderen 1500 ruters fan de biskop Bearend fan Galen Vriezenveen binnen. It doarp waard plondere en huzen en tsjerke waarden yn 'e brân stutsen. In grut tal minsken waard deamakke en de rest waard finzen naam.
It âlde Vriezenveen waard net werboud oan de Buterweg. Dat barde oan de noardliker lizzende sânwei, de tsjintwurdige dorpstraat. Dy werbou gie yn in fluch tempo en oan it begjin fan de 18e iuw wie it âlde Vriezenveen oan de Buterweg folslein ferline tiid. Fan dat âlde Vriezenveen bleau inkeld it âlde tsjerkhôf bewarre. Ek de lettere nôtmûne út 1862 fan Hendrik Leemans. No kenmerket it doarp him troch in 6,2 kilometer lange beboude doarpsstrjitte (fan west nei east: Hammerweg, Westeinde en Oogus) mei karakteristike gevels oan de huzen. It bysûndere, foar in part noch libjende heechfeankompleks Engbertsdijksvenen mei syn seldsume floara en fauna docht hjir noch tinken oan hoe 't de omjouwing derút sjoen hat.
Oant 2001 foarme Vriezenveen in selsstannige gemeente. De eardere gemeente Vriezenveen waard gearfoege mei de eardere gemeente Den Ham, ta de gemeente Twinterâne.
Dialekt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Vriezenveen wurdt yn ôfnimmende mjitte in unike fariant fan de Nedersaksyske taalgroep sprutsen, it Vriezenveens ("Vjens"). Kwa útspraak liket dit minder op it Twintsk deromhinne, hoewol't it grammatikaal en leksikaal út deselde boarne put.
In pear boarnen hâlde út dat der Fryske ynfloeden yn it Vjens te hearren binne. Dat liket oannimlik, om't Vriezenveen troch Friezen stichte is. Oare boarnen hâlde út dat de unike Vjenske útspraak oan de Rusluie te tankjen is. Dizze Vriezenveenske hannelsreizgers festigen har yn it Russyske Sint-Petersburch, mar giene meastal jierren letter dochs wer werom nei Vriezenveen. Yn Sint-Petersburch foarmen sy in hechte mienskip fan in pear hûndert minsken, dy 't ûnderling nei alle gedachten Vriezenveens sprutsen hawwe. In sterke Russyske ynfloed op it Vriezenveens fan de achterbliuwers liket dus minder plausibel.
Trochdat Twinte iuwenlang min of mear fan de rest fan Nederlân ôfsletten wie troch it feangebiet, ûntstiene der bannen mei Westfalen en it Münsterlân. Foar moade en gebrûken waard benammen nei de grutte stêd Múnster sjoen. Ek de taal fan Múnster (it "Westfaalsk") waard sjoen as de standert en hiel Twinte (ynklusyf Vriezenveen) gie dêryn mei. In karakteristyk skaaimerk fan it Westfaalsk is de Breking, wêrtroch't in iepen ee, oo en eu as in "draaide" ieje, oewe en uje klinke. "Witte" waard "wiëten", "itensiede" waard "koëken" en "leu" waard "luje". Ek yn de buert sprutsen Nedersaksyske farianten "Riesnsk" en "Eantersk" is dizze draaiing noch goed te hearren. It Vjens liket hjiryn lykwols noch in stap fierder gien te wêzen, wêrtroch't "witte" no as "wjetn" klinkt en "itensiede" as "kwakn".
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vriezenveen leit oan de rykswei 36 fan Hardenberg nei Almelo en Wierden. It treinstasjon oan it spoar fan Mariënberg nei Almelo leit yn it westen fan it doarp.
-
Stasjon Vriezenveen (2023)
-
Leemansmolen (2014)
-
Earehôf Vriezenveen (2012)
-
Saksyske pleats oan 'e Oosteinde (2014)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Twinterâne | ||
---|---|---|
Doarpen: Geerdijk • Den Ham • De Pollen • Kloosterhaar (foar in part) • Vriezenveen • Vroomshoop • Westerhaar-Vriezenveensewijk | ||
Buorskippen: Bisschopswetering • Bruinehaar • De Garstelanden • Hallerhoek • Linde • Magele • Meer • Noord-Meer • Weitemanslanden • Westerhoeven | ||
Wetter: Geesterens Stroomkanaal • Linderbeek • Regge • Veenkanaal • Verbindingsleiding | ||
· · |