Springe nei ynhâld

Earedifyzje (fuotbal)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Earedivyzje (fuotbal))
Earedifyzje
Basisynformaasje
Namme Earedifyzje
Stifte 1956
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Tal klups 18
Degradaasje nei Earste Difyzje
Titelhâlder Feyenoord
Webstee Earedifyzje

De Earedifyzje is de heechste fuotbalôfdieling yn Nederlân. Yn de Earedifyzje wurdt strieden om it Lânskampioenskip fan Nederlân. De kompetysje wurdt organiseare troch de KNFB, it Nederlânske fuotbalbûn.

Nei de yntroduksje fan it betelle fuotbal yn Nederlân yn 1954 waard yn de earste twa seizoenen it kampioenskip beslist troch it spyljen fan in kampioenskompetysje. Yn 1955 waard hjiroan dielnaam troch de winners fan de fjouwer earste klassen. Yn it seizoen derop wie de yndieling feroare, sadat yn 1956 om it kampioenskip spile waard troch de twa boppeste klups fan de twa haadklassen. Yn seizoen letter waard is systeem wer wizige. No waard de Earedifyzje ynfiert, in lanlike kompetysje om it kampioenskip fan Nederlân.

De Earedifyzje is in oantal kear fan namme feroare. Dit komt trochdat sûnt 1990 de kompetysje spoansere wurdt troch bedriuwen. Tusken 1990 en 2002 wie de PTT, en letter KPN, de spoanser fan de kompetysje. De namme waard oant 1999 ta feroare yn PTT-Telekompetysje. Letter waarden de nammen KPN-Telekompetysje en KPN Earedifyzje fiert. Yn de simmer fan 2002 moast de KNFB in nei nije spoanser sykje. Dit waard Holland Casino, wêrnei de namme feroare waard ta Holland Casino Earedifyzje.

De kompetysje mocht dan wol jierren lang spoansere wurde, oer it algemien waard net de offisjele namme brûkt, mar bleau de namme Earedifyzje altyd gewoan yn gebrûk. Sûnt 2005 is de offisjele namme ek wer gewoan Earedifyzje.

Klups seizoen 2023/24

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Achttjin klups spylje it seizoen 2022/23 yn de Earedifyzje. Mei fjouwer klups is de provinsje Oerisel it bêst fertsjintwurdige. De provinsjes Súd-Hollân en Noard-Hollân hawwe trije klups, wylst de provinsjes Gelderlân en Noard-Brabân elts twa klups hawwe. De provinsjes Seelân, Grinslân en Drinte hawwe alhiel gjin klups op it heechste nivo.

Klup Plak Stadion Undergrûn Unûnderbrutsen yn Earedifyzje sûnt
Ajax Amsterdam Johan Cruijff ArenA Hybride 1956
Almere City FC Almeare Yanmarstadion Keunstgers 2023
AZ Alkmar AFAS Stadion Hybride 1998
Excelsior Rotterdam Van Donge & De Roo Stadion Keunstgers 2022
Feyenoord Rotterdam De Kuip Hybride 1956
Fortuna Sittard Sittard Fortuna Sittard Stadion Natuergers 2018
Go Ahead Eagles Dimter De Adelaarshorst Natoergers 2021
SK It Hearrenfean It Hearrenfean Abe Lenstra Stadion Natuergers 1993
Heracles Almelo Almelo Erve Asito Keunstgers 2023
N.E.C Nymwegen Goffertstadion Hybride 2021
PEC Swol Swol [[MAC³PARK stadion]] Hybride 2023
PSV Eindhoven Philips Stadion Natuergers 1956
RKC Waalwyk Waalwyk Mandemakers Stadion Natuergers 2019
Sparta Rotterdam Rotterdam Het Kasteel Keunstgers 2019
FK Twinte Ynskedee De Grolsch Veste Natuergers 2019
FC Utert Utert Stadion Galgenwaard Natuergers 1970
Vitesse Arnhim GelreDome Hybride 1989
FC Volendam Volendam Krasstadion Keunstgers 2022

Kompetysje opset

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Earedifyzje spylje 18 klups om it kampioenskip. De kompetysje begjint almeast yn augustus en einiget yn maaie, yn jannewaris wurdt in winterstop hâlden. Yn fuotbalseizoenen wêrnei't in EK of in WK fuotbal hâlden wurdt, begjint en einiget de kompetysje wat earder.

De folchoarder fan de stân wurdt efterinoar gearstald op:

  • Tal punten
  • Doelsaldo
  • Tal makke doelpunten

Mochten oan it ein fan de kompetysje twa of mear klups lyk stean dan einigje se lyk op de ranglist. Mocht it nedich wêze dan wurdt der in beslissingswedstriid spile.

De winner fan de Earedifyzje is de Kampioen betelle fuotbal fan Nederlân. As lânskampioen mei de klup meidwaan oan de Champions League. Hoefolle klups der fjirder oan de Jeropeeske fuotbalkompetysjes dielnimme meie hinget ôf fan de posysje fan Nederlân op de UEFA-koëffisjintenranglist. Op it stuit mei Nederlân ien fêste dielnimmer oan de Champions League ôffeardigje, ien oan de foarwedstriden fan de Champions League en fiif oan de UEFA-kup, wêrfan fjouwer mei de kompetysje en ien mei de KNVB Beker.

Lânskampioenen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Klup
1956/1957 Ajax
1957/1958 DOS
1958/1959 Sparta
1959/1960 Ajax
1960/1961 Feyenoord
1961/1962 Feyenoord
1962/1963 PSV
1963/1964 DWS
1964/1965 Feyenoord
1965/1966 Ajax
1966/1967 Ajax
1967/1968 Ajax
1968/1969 Feyenoord
1969/1970 Ajax
1970/1971 Feyenoord
1971/1972 Ajax
Jier Klup
1972/1973 Ajax
1973/1974 Feyenoord
1974/1975 PSV
1975/1976 PSV
1976/1977 Ajax
1977/1978 PSV
1978/1979 Ajax
1979/1980 Ajax
1980/1981 AZ '67
1981/1982 Ajax
1982/1983 Ajax
1983/1984 Feyenoord
1984/1985 Ajax
1985/1986 PSV
1986/1987 PSV
1987/1988 PSV
Jier Klup
1988/1989 PSV
1989/1990 Ajax
1990/1991 PSV
1991/1992 PSV
1992/1993 Feyenoord
1993/1994 Ajax
1994/1995 Ajax
1995/1996 Ajax
1996/1997 PSV
1997/1998 Ajax
1998/1999 Feyenoord
1999/2000 PSV
2000/2001 PSV
2001/2002 Ajax
2002/2003 PSV
2003/2004 Ajax
Jier club
2004/2005 PSV
2005/2006 PSV
2006/2007 PSV
2007/2008 PSV
2008/2009 AZ
2009/2010 FK Twinte
2010/2011 Ajax
2011/2012 Ajax
2012/2013 Ajax
2012/2014 Ajax
2014/2015 PSV
2015/2016 PSV
2016/2017 Feyenoord
2017/2018 PSV
2018/2019 Ajax
2019/2020 Gjin kampioen
Jier club
2020/2021 Ajax
2021/2022 Ajax
2022/2023 Feyenoord
2023/2024
Klup Titels
Ajax 28
PSV 21
Feyenoord 11
AZ 2
DOS, DWS, Sparta, FK Twinte 1

Fan it seizoen 2005-2006 ôf wurde der ein fan it seizoen play-offs spile. Der binne in oantal ferskillende play-offs.

De klups dy’t op de plakken 2 oant en mei 5 einige binne, spylje yn in thús- en in útwedstriid om in plak yn de foarwedstriden fan de Champions League. By in lykspul telle útdoelpunten dûbel. De nûmer 2 spilet yn de earste omgong tsjin de nûmer 5 en de nûmer 3 tsjin de nûmer 4. De winners tusken dizze wedstriden spylje ûnderling in wedstriid om it Champions League plak. De ferliezers fan de earste wedstriden spylje om in plak yn de UEFA-kup. De ferliezer hjirfan moat tsjin de winner fan de play-offs fan de plakken 6 oant en mei 9 spylje.

De klups op de plakken 6 oant en mei 9 spylje om in UEFA-kup plak. It systeem is kreklyk as by de earste play-offs. De winner fan de ‘finale’ fan dizze play-offs spilet tsjin de ferliezer fan de Champions League play-offs. De ferliezer fan dizze finale mei yn de Intertoto Kup spylje.

De tredde play-off giet om in Intertotoplak. Ek dit systeem is it selde as yn de earste. De winner fan dizze play-offs mei oan de Intertoto mei dwaan.

De nûmer 1 (de kampioen), de nûmers 14 en 15 en de nûmer 18 (die gelyk degradearret) spylje gjin play-offs. De nûmers 16 en 17 moatte promoasje-degradaasje wedstriden spylje.

Promoasje-degradaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de fjirde en lêste play-off wurdt fêststeld hokker klups yn it kommende seizoen yn de Earedifyzje spylje meie.

De nûmers 16 en 17 spylje dêryn tsjin de acht bêste klups út de Earste difyzje, útsein de nûmer 1 dy’t gelyk promovearret. De play-offs bestean út trije omgongen. Yn de earste omgong spylje fjouwer klups. Dat binne de fjouwer leechst klasseare klups fan de acht út de Earste difyzje. De nûmer 5 spilet tsjin de nûmer 8 en de nûmer 6 tsjin de nûmer 7. Kreklyk as yn de play-offs om Jeropeesk fuotbal wurde ek hjir in thús- en in útwedstriid spile.

Yn de twadde omgong streame de oare fjouwer klups út de Earste difyzje derby yn. De winners hjirfan wurde út in bêste-út-trije selekteare en kwalifisearje har foar de lêste ommgong. Yn de finale wurde, ek út in bêste-út-trije, de twa winners selekteare. Dy sille yn it folgjende seizoen yn de Earedifyzje spylje.

Ta tsjinstelling fan oare kompetysjes, dêr't omroppen mei eltse klup apart ûnderhannelje moatte om de rjochten, binne yn Nederlân de mediarjochten troch alle klups gearbrocht yn de Earedifyzje CV. De rjochten wurde om de safolle tiid ferkocht.

Op it stuit binne in ferskaat oan rjochten:

  • Rjocht op it útstjoeren fan alle rjochtstreekse wedstriden.
  • Rjocht op it útstjoeren fan de rjochtstreekse wedstriid op freed.
  • Earste útstjoerrjocht op de wedstriidgearfettings.
  • Twadde útstjoerrjocht op de wedstriidgearfettings.
  • Radiorjochten, foar rjochtstreeks ferslach.

Dy rjochten gean net op foar lokale omroppen. Dy hawwe gjin rjochten nedich en meie sa streekrjocht radioferslaggen dwaan en gearfettings útstjoere nei de kompetysjeomgong. Dy omroppen meie allinnich bylden útstjoere fan klups yn harren eigen fersoargingsgebiet. Fierder meie klups ek harren eigen bylden sjen litte op harren webstee of yn in eigen telefyzjeprogramma.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]