Dreves Uitterdijk
Dreves Uitterdijk (Readtsjerk, 25 febrewaris 1866 - Hilfertsom, 13 augustus 1940) wie in talekenner. Sûnt 1898 wie er propagandist foar it Esperanto en skriuwer fan boeken yn dy taal.
It laach Uitterdijk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Uitterdijk is in boerelaach út Tytsjerksteradiel, wêrút Dreves Jurjens (Aldtsjerk, 18 augustus 1755 - Rinsumageast, 10 augustus 1827) in Fryske represintant wie. Syn pakesizzer wie Tamme Hendriks (Rinsumageast, 27 maart 1806 - Schoonhoven, 16 febrewaris 1874), ôfskieden predikant, dy't publisearre oer de Ofskieding; syn broer wie Oene Jurjens (Aldtsjerk, 12 novimber 1758 - Rinsumageast, 26 jannewaris 1846), wurktúchkundige, waans soan Jurjen (Aldtsjerk, 10 desimber 1781 - fermoarde Stienwyk, 11 april 1845), matematikus en astronoom, nei 1803 as learaar oan it marine-ynstitút wurke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|