Dowe-aaiekop

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Dowe-aaiekop
Portret troch George Catlin, út 1831.
Portret troch George Catlin, út 1831.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wi-jún-jon
oare namme Pigeon's Egg Head
nasjonaliteit Flagge fan de Assiniboin & Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana.png Assiniboin
berne 1796
berteplak op 'e Grutte Flakten
stoarn 1872
stjerplak yn Montana
etnisiteit Flagge fan de Assiniboin & Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana.png Assiniboin
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e Assiniboin
jierren aktyf ±18251872

Dowe-aaiekop (Assiniboin: Wi-jún-jon, útspr.: [wi'ʤu:nʤon], likernôch: "û-ydzjûûndzjon"; Ingelske oersetting: Pigeon's Egg Head; op 'e Grutte Flakten, 1796 – yn Montana, 1872) wie in opperhaad fan 'e Assiniboin, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy is it bekendst fan twa skilderijen dy't de Amerikaanske keunstskilder George Catlin yn 1831 en 1832 fan him makke.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dowe-aaiekop waard yn 1796 berne op 'e Grutte Flakten, mooglik yn wat letter de Amerikaanske steat Montana wurde soe, mar it kin ek skoan dat it yn Noard-Dakota of sels yn ien fan 'e lettere Kanadeeske provinsjes Alberta of Saskatchewan wie. Hy ûntjoech him ta in lieder fan syn folk, de Assiniboin (Assiniboine), en waard yn 1831 yn tradysjonele Yndiaanske kledaazje skildere troch de Amerikaanske keunstskilder George Caitlin. Dat skilderij is no op 'e noed fan it Smithsonian Ynstitút yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C.

Dowe-aaiekop foàr (l.) en nei (rj.) syn reis nei Washington, D.C..
George Catlin

It jiers dêrop, yn 1832, reizge Dowe-aaiekop nei Washington, D.C. om dêr yn ûnderhannelings mei it Amerikaanske regear de Assiniboin te fertsjintwurdigjen. Under syn besyk oan 'e haadstêd waard er assimilearre troch de blanke kultuer. Nei't er nei hûs weromkeard wie, droech er tenei sadwaande altyd wettertichte swartlearene learzens mei hakken en in trijedielich pak fan in fine dûnkerblauwe lekkense stof dy't oan 'e seamen ôfset wie mei goudtrie, en op 'e skouders twa oergrutte epauletten hie.

George Catlin makke dat jiers in twadde skilderij fan it opperhaad, wêrby't him twaris werjoech om it ferskil yn klaaiïng oan te jaan. In print fan dat skilderij, mei as titel Wi-jún-jon, Pigeon's Egg Head, Going to Washington, Returing to His House, waard tige populêr en rekke sels oare kant de Atlantyske Oseaan bekend, dêr't er yn 1853 ferskynde yn it Dútske tydskrift Die Gartenlaube. De ferhalen dy't Dowe-aaiekop oer syn reis nei Washington fertelde, waarden troch de oare Assiniboin alteast foar in part beskôge as optinksels, en yn 1872 kaam it opperhaad yn 'e âlderdom fan 76 jier oan syn ein doe't er troch guon fan syn folksgenoaten fermoarde waard foar syn swetserij fan en 'geliich' oer de blanke kultuer.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bakken, Gordon Morris, The World of the American West, 2011 (Taylor & Francis US), ISBN 978-0 41 59 89 954 (s. 190).
Kort, Pamela, en Hollein, Max, I Like America: Fictions of the Wild West, Frankfurt, 2006 (Prestel), ISBN 978-3 79 13 37 357.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.