Springe nei ynhâld

Donskoj-kleaster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Donskoj kleaster)
Donskoj-kleaster
Донской монастырь
Muorren mei de Sacharías- en Elisabettsjerke.
Muorren mei de Sacharías- en Elisabettsjerke.
Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 42' N 37° 36' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1591
oprjochter Fjodor I fan Ruslân
opheffing 1918
weriepening 1991
Ynformaasje bou
boujier sûnt 1593
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 771420435430006
Webside
donskoi.org
Kaart
Donskoj-kleaster (Moskou)
Donskoj-kleaster

It Donskoj-kleaster (Russysk: Донско́й монасты́рь) is in kleaster foar manlju yn 'e Russyske haadstêd Moskou. It kleaster waard yn 1591 stifte en is mei it grutte tal tsjerken, de muorren, tuorren en it tsjerkhôf in wichtich religieus en toeristysk monumint yn 'e haadstêd. It leit oan 'e Donskaja Ulitsa, súd fan 'e âlde binnenstêd en noch krekt yn 'e stedsgrinzen fan foar 1917.

It Donskoj-kleaster is in stauropegiaal kleaster, dat wol sizze dat it kleaster fuortendaliks ûnder de jurisdiksje fan 'e Hillige Synoade fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke falt.

Ikoan fan de Mem-Gods-fan-de-Don.

It Donskoj-kleaster waard sûd fan 'e stêd stifte ûnder it regear fan tsaar Fjodor Ivanovitsj. De skiednis begûn mei de bou fan in lytse, ienkoepelige katedraal, dy't oan 'e Mem-Gods-fan-de-Don wijd waard. Om dy katedraal te ûnderskieden fan 'e letter boude katedraal mei deselde namme wurdt dy earste katedraal hjoeddedei de Alde - of Lytse Katedraal neamd. De arsjitektuer fan de Alde Katedraal komt net oerien mei dy fan in tradisjonele kleasterkatedraal en hat folle mear fan 'e yn dy tiid boude parochytsjerken, lykas de yn 1931 sloopte Apostel-Nikolaastsjerke yn it stedsdiel Arbat.

Dat it kleaster en de katedraal wijd waarden oan 'e Mem-Gods-fan-de-Don hie te meitsjen mei de ferearing fan de ikoan mei deselde namme op itselde plak yn 'e dagen dat de Tataren Moskou bedrigen. Doe wie dêr in mobyl fort op dat plak om Moskou te ferdigenjen. Dy ikoan waard yn dy nuodlike tiid út de Ferkundigingskatedraal yn it kremlyn helle en ûnderbrocht yn it kamp fan Boris Godûnov, dêr't in tydlike Sergius fan Radonezjtsjerke stie. De ikoan moast Ruslân helpe by de striid tsjin de fijân, sa't it dat neffens de tradysje earder ek dien hie by de Slach om Kûlikovo yn 1380, doe't Dmitri Donskoj de ikoan meinommen hie. De Tataren joegen belies en waarden by de weromtocht ferslein.

Kompleks fanút de loft.

In grut kleaster wie it ynearsten net. Yn 'Tiid fan Unstjoer tusken 1604 en 1613 waard it troch Poalske troepen ferneatige en bleau it foar in in hiel skoft leech stean. De sitewaasje fan it kleaster begûn te feroarjen doe't oare kleasters oan it Donskoj-kleaster waarden tawiisd. Tsjin de ein fan 'e 17e iuw waard mei help fan tsarevna Katarina Aleksejevna útein set mei in omfangryk bouprogramma. Yn 1698 waard in folle gruttere katedraal ynwijd. Dy ek oan 'e Don-ikoan wijde tsjerke wurdt ek wol de Grutte Katedraal neamd. Likernôch yn 'e selde tiid (1686-1711) krige it kleaster in nije bemuorring mei tolve tuorren, dy't wol wat ha fan 'e tuorren fan it Novodewitsjy-kleaster.

It gyng it kleaster yn 'e 18e iuw goed foar de wyn en it besiet in soad grûn mei liifeigenen. Yn dy tiid ûntstie it kleaster sa't it hjoed-de-dei ús oerlevere is. Der waard in poartetsjerke boud (1713-1714), in klokketoer boppe de westlike poarte (foltôge yn 1753) en in ferbliuw foar de argimandriten (1745-1750). Ek kamen der oare nije gebouwen, wylst de muorren fan 'e Grutte Katedraal beskildere waarden mei nije fresko's fan de Italjaanske keunstner Antonio Claudio.

De oanslach op aartbiskop Ambrosius
(Charles Michel Geoffroy, 1845).

In tragysk barren fûn yn 1771 yn it kleaster plak. It Russyske leger hie fanút súdeast Jeropa de pest meinaam en dy feroarsake yn 'e jierren 1770-1771 in epidemy. Doe't bekend waard dat yn 1771 ek yn Moskou de pest omware, dreau de wanhope fan 'e minsken de befolking ta anargy. Dokters waarden der fan beskuldige pasjinten moedwillich dea gean te litten of sels te fergiftigjen. Maatregels tsjin de pestepidemy, lykas it ferbaarnen fan 'e klean fan slachtoffers, waarden ferkeard begrepen en soargen wer foar nij gewelt. Sûnder tastimming waarden der spontane prosesjes holden mei it risiko fan fierdere besmetting. No hie aartsbiskop Ambrosius ek in wûnderdiedich ikoan oan 'e Barbarapoarte ferwiderje litten, om't dêr grutte kloften byinoar kamen en sa de epidemy fierder holpen te fersprieden. Dat feroarsake grutte lilkens en brocht in nije weach fan geweld. Wylst de aartsbiskop him yn it Donskoj-kleaster skûl hold, oerfoel in dwylsinnige mannichte it kleaster dy't de aartsbiskop lynchte. De dieders fan it trelit waarden identifisearre en ophongen.

Yn 'e 19e iuw waard op it kleasterterrein in skoalle stifte om kandidaten ta te rieden foar it seminaarje. Ek hie it kleaster in skoalle fan ikoaneskilders. It kleastertsjerkhôf waard aloan grutter. Foar de revolúsje hie it kleaster de heechste status dy't it hawwe koe.

Nei de Oktoberrevolúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al gau nei de revolúsje fan 1917 begûn de nije anty-religieuze oerheid mei it opheffen fan kleasters en ek it Donskoj-kleaster waard formeel al yn 1918 sletten. It monastike libben gyng lykwols noch troch oant it ein fan 'e jierren 1920. Yn dy perioade krige patriarch Tichon nei syn arrestaasjes hûsarrest yn it kleaster en hy ûndergie alderlei narderij fan 'e bolsjewiken. De patriarch ferstoar yn 1925 yn in klinyk en waard mei Palmpeaske by de súdlike muorre yn 'e âlde katedraal yn in nammeleas grêf begroeven.

Bewarre reliëf fan 'e yn 'e jierren 1930 ferneatige Ferlosserkatedraal.

Yn 'e jierren 1920 waard in anty-relieuze útstalling yn it kleaster organisearre. Letter waard der yn it kompleks in anty-religieus keunstmuseum oprjochte. Op it tsjerkhôf waard yn 1927 in krematoarium boud, mei hege útsûndering mocht der noch op it hôf begroeven wurde. Yn 1929 wiene alle kleastertsjerken fan it eardere kleaster sletten foar de earetsjinst. Weardefolle 18e oant 19e iuwske dokuminten út it kleasterargyf ferhûzen nei de steatsargiven.

Yn 'e jierren 1930 waarden allegear fragminten fan ôfbrutsen tsjerken nei it terrein brocht, lykas dy fan 'e Himelfearttsjerke oan 'e Pokrovkastrjitte, de Nikolaastsjerke fan Bely Gorod, de heech-reliëfs fan 'e Ferlosserkatedraal, in fragmint fan 'e Sûcharev-toer en de byldhoukeunst fan 'e triomfbôge dy't op it Triumfalnaja Plein stien hie. Yn 1964 waard it kleaster in dependânse fan it Museum fan Arsjitektuer.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard de Lytse Katedraal wer iepene foar de earetsjinst. Yn 1982 foel it beslút om it patriargaat te ferhûzjen nei it Donskoj-kleaster om dêr de offisjele residinsje fan 'e patriarch te fêstigjen, it waard lykwols net it Donskoj-kleaster mar it Danilov-kleaster dat dy funksje krige.

Yn 1991 waard it Donskoj-kleaster wer oerdroegen oan it patriargaat fan Moskou. De Grutte Katedraal waard op 18 augustus wer op 'e nij ynwijd. Dyselde jûn waard de Lytse Katedraal troch in ynkringer yn 'e brân stutsen. By de restauraasjewurksumheden waarden opgravings útfierd, wêrby't op 19 febrewaris 1992 it grêf fan patriarch Tichon iepene waard, alhoewol't it oant dan ta noch altiten net wis wie oft it grêf dêr yndied wol lei. It omskot fan 'e patriarch waard dêrnei yn in sarkofaach lein en oerbrocht nei de Grutte Katedraal.

Ofbyld Namme Foltôge yn
Boris Godûnov lei nei de oprjochting fan it kleaster persoanlik de earste stien foar de katedraal, dy't yn 1593 wijd waard oan 'e ikoan fan de Mem-Gods-fan- de-Don. De tsjerke hat trije lagen kokosjniki en in bekroaning fan ien koepel. Tusken de toer mei in tintefoarmige ôfsluting stiet de refter. De ikonostaze fan 'e tsjerke stamt út 1662 en komt oarspronklik út ien fan Moskou's troch de bolsjewiken ferneatige tsjerken. De tsjerke wie tusken 1929 en 1946 sletten foar de earetsjinst en waard yn dy tiid as fabryk brûkt. 1593
Mei de Grutte of Nije katedraal waard yn 1684 útein set. De yn 1688-1698 troch Moskouse masters boude ikonostaze hat acht rigen mei ikoanen. Sintraal yn 'e ikonostaze hat in kopy fan 'e ikoan fan de Mem-Gods-fan-de-Don in plak krige, it orizjinele ikoan is yn it Tretjakovgalery te sjen. De fresko's fan 'e katedraal binne yn 1782-1785 skildere troch Antonio Claudio. 1684
Tsjerke fan de Mem-Gods-fan-Tichvin (noardlike poartetsjerke). 1714
Poartetsjerke fan Sacharías en Elisabet. 1753
Tsjerke fan de Aartsingel Michael. 1809
Tsjerke fan Jehannes Krysostomus. 1891
Tsjerke fan Jehannes fan de Ljedder. 1899
Tsjerke fan Tichon, patriarch fan Moskou en hiel Ruslân, 1998
Tsjerke fan de hillige Joaris. 2000
Aleksander Nevskitsjerke. 2006

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Донской монастырь