Springe nei ynhâld

Himelfearttsjerke oan de Pokrovkastrjitte (Moskou)

Ut Wikipedy
Himelfearttsjerke

Богородицкая церковь

De tsjerke tusken 1890 en 1905
De tsjerke tusken 1890 en 1905
Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 45' N 37° 38' E.
Arsjitektuer
arsjitekt Pjotr Potapov
boujier 1696-1699
sloopjier 1936
boustyl Moskouse barok
Kaart
Himelfearttsjerke oan de Pokrovkastrjitte (Moskou)
Himelfearttsjerke oan de Pokrovkastrjitte

De Tsjerke fan de Himelfeart fan de Hillige Jongfaam Marije oan 'e Pokrovkastrjitte (Russysk: Церковь Успения Пресвятой Богородицы на Покровке) wie eartiids ien fan 'e moaiste tsjerken fan hiel Moskou. De tsjerke wie boud yn de styl fan de saneamde Narysjkin-barok ûnder lieding fan 'e arsjitekt Pjotr Potapov. Yn 1936, yn ien fan de fûlste perioades fan ferfolging fan 'e Russysk-otterdokske Tsjerke troch it offisjeel ateïstyske regear, waard de tsjerke ferneatige om't it gebou de frije trochgong fan fuotgongers belemmerje soe.

It is bekend dat der al sûnt 1511 in houten Himelfearttsjerke west hat, dy't yn 1656 ferfongen waard troch in stiennen tsjerke. Yn 'e jierren 1696-1699 liet de rike Moskouse keapman I.M. Svertsjkov oan ien fan 'e âldste strjitten fan Moskou in nije tsjerke troch Pjotr Potapov bouwe. De arsjitekt wurdt troch stylistyske oerienkomsten ek yn ferbân brocht mei de bou fan it sintrale diel fan 'e Opstanningstsjerke fan Kadasjy. Alhoewol't de tsjerke altiten in gewoane parochytsjerke bleau, koe de Himelfearttsjerke wat de arsjitektuer oanbelanget poerbêst meunsterje mei Moskou's moaiste katedralen.

De tsjerke yn 1845.

Sels Napoleon stie fersteld oer de skientme fan 'e arsjitektuer en neffens in leginde liet er by de ferovering fan Moskou yn 1812 in spesjale wacht delsette om tefoaren te kommen dat de tsjerke krekt lykas de oare Moskouse godshûzen plondere waard. In oar ferhaal giet dat Napoleon de tsjerke stien foar stien ôfbrekke woe, om de tsjerke yn Parys wer op te bouwen. It soe Napoleon's maarskalk Édouard Mortier (neffens in oare oerlevering Napoleon sels) west ha, dy't by it sjen fan de tsjerke rôp dat dêr de Russyske Notre-Dame stie. Hoe dan ek, dat de tsjerke yn 1812 net skeind waard troch brân en plondering mei in wûnder hjitte.

It wie ûnder de Moskouse tsjerken de favorite tsjerke fan de skriuwer Fjodor Dostojewski. As de yn Moskou berne skriuwer in besite oan 'e de stêd brocht, gyng hy altiten ek nei de Himelfearttsjerke om dêr te bidden.

De tsjerke op in tekening út 1935.

De ferneatiging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1935 naam de Moskouse gemeenteried ûnder foarsitterskip fan Nikolaj Bûlganin it beslút om de tsjerke te ferneatigjen. De motivaasje dy't de autoriteiten foar de ferneatiging joegen wie dat de tsjerke de fuotgongers hindere. Yn de winter fan 1936 folge de útfiering fan it beslút. Twa architraven en in portaal bleaune fan de tsjerke bewarre en waarden nei it Donskoj-kleaster brocht, dat yn de Sovjet-tiid net mear as kleaster, mar as museum tsjinst die. De ikonostaze fan de tsjerke waard nei it refektoarium fan it Novodevitsji-kleaster oerbrocht en in tal ikoanen kamen telâne yn it Histoarysk Museum. Foar de ôfbraak fan it monumint krigen arsjitekten noch de gelegenheid om ûndersyk en ôfmjittings te dwaan. Op it lege plak dat de tsjerke achterliet waard in stikje grien oanlein, dat it no noch jimmeroan is.

Lûden om de Himelfearttsjerke te rekonstruearjen hawwe oant no ta (2023) net ta konkrete plannen laat. Alle jierren wurdt sûnt 2017 op 'e feestdei fan Marije-Himelfeart (28 augustus) op 'e lokaasje fan 'e ôfbrutsen tsjerke in plechtichheid holden mei gebed foar de weropbou fan 'e tsjerke.

Bewarre fragminten fan de Himelfearttsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Twa architraven en in portaal binne bewarre bleaun en yn de noardlike muorre fan it Donskoj-kleaster ynmitsele, nei't it kleaster oerdroegen wie oan it Museum fan Arsjitektuer.

De ikonostaze út 1706 krige in plak yn it Novodevitsji-kleaster. Ferskate ikoanen gyngen nei de kolleksje fan it Nasjonaal Histoarysk Museum.

By in restauraasje yn 2004 waard in stik muorre fan de klokketoer ûntdutsen mei fragminten bakstien en dekoraasjes fan wite stien. De boudielen binne renovearre en wurde beskerme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Успения Пресвятой Богородицы на Покровке