Danilov-kleaster
Danilov-kleaster
Данилов монастырь | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
Oersicht fan it kleaster | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 55° 42' N 37° 50' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kleaster | |
boujier | Stifting ein 13e iuw hjoeddeiske gebouwen 18e- en 19e-iuwsk | |
boustyl | Barok, klassisisme | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 7710186000 [1] | |
offisjele webside | ||
Side fan it kleaster |
It Danilov-kleaster (Russysk: Данилов монастырь, Свято-Данилов монастырь) is in stauropegiaal kleaster foar muontsen oan de rjochter kant fan de Moskva yn de Russyske haadsted Moskou. Sûnt 1988 stiet op de grûn fan it kleaster de patriargale en synodale residinsje fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.
Nei de Russyske Revolúsje wie it Danilov-kleaster it lêste kleaster fan Moskou dat op lêst fan de bolsjewistyske autoriteiten sletten waard. It Danilov-kleaster wie letter ek it earste kleaster dat nei in lange tiid fan ferfal en ûntwijing werom jûn waard oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It kleaster waard yn de jierren 1298-1300 stifte troch prins Daniël, de soan fan Aleksander Nevsky. It kleaster waard wijd oan de Daniël de Pylderhillige. De prins ferstoar al gau nei't er syn kleasterûnthjitten dien hie en hy waard by it kleaster begroeven. Yn 1791 waard de prins troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke hillich ferklearre.

Yn 1330 ferhûzen de bruorren fan it kleaster nei in nij kleaster yn it kremlyn. Alles wat oerbleau fan it âlde kleaster wie in tsjerkhôf, oant Ivan de Ferskriklike it kleaster yn 1560 nij libben ynblaasde. Moskou waard yn 1591 bedrige troch de Krim-Tataren en it gebiet om it kleaster hinne waard fortifisearre en in kamp foar de troepen. Yn 1610 rekke it kleaster yn de Tiid fan de Alteraasje (1598-1613) troch in rige fan militêre skermutselings slim skeind.
Oan it begjin fan de 17e iuw waarden om de kleastergebouwen hinne stiennen muorren mei sân tuorren boud. Yn 1812 folge de plondering fan it kleaster troch de troepen fan Napoleon Bonaparte. De tsjerken waarden leechrôve, mar de tsjerkeskatten koene noch yntiids oerbrocht wurde nei Vologda en it Trije-ienheid-Sergius Lavra. Yn de rin fan de 19e iuw bloeide it kleaster wer op. Yn de twadde helte fan de 19e iuw waarden op it tsjerkhôf fan it kleaster in soad skriuwers, keunsters en gelearden begroeven. Dêrûnder wiene û.o. de skriuwer Nikolaj Gogol, de skilder Vasili Perov, de dichter Nikolaj Jazikov, de filosoof Vladimir Solovjov en de musikus Nikolaj Rubinstein.
Sluting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei it útbrekken fan de Russyske Revolúsje waard it kleaster yn oerienstimming mei it dekreet fan de skieding fan tsjerke en steat yn 1919 nasjonalisearre en formeel sletten. Yn oktober 1929 waard de Trije-ienheidkatedraal oerdroegen oan in ynstitút en de romte ûnder de tsjerke brûkt as pakhûs foar moal. Op 6 oktober 1930 moast it kleaster de kaaien fan alle gebouwen oerlangje. De oare deis waarden de reliken fan prins Daniël oerbrocht nei de Tsjerke fan de Opstanning, de parochytsjerke by de súdlike muorre fan it kleaster, dêr't de tsjerketsjinsten noch trochgyngen oant 1932. De Amearikaanske filantroop kocht de klokken fan it kleaster, dy't telâne kamen op de kampus fan de Universiteit fan Harvard. Yn 2008 kamen de orizjinele klokken werom nei't Harvard replika's krige. De gebouwen waarden fanôf 1930 iepensteld foar de opfang fan dakloaze bern en jeugddelinkwinten. De tsjerken waarden fernield en ferboud, it tsjerkhôf waard ferneatige en yn 1931 waard in monumint foar Vladimir Lenin op de binnenhôf fan it kleaster oprjochte.

Tsjin it ein fan de jierren 1970 wiene it kleasterkompleks in útsloerd spul. De poartetsjerke wie útleefd en de klokketoer dêrboppe ôfbrutsen. De Tsjerke fan de Hillige Faars fan de sân oekumensyske Synoades wie fan binnen folslein ferboud en as tsjerke net mear te werkennnen en de Trije-ienheidskatedraal hie syn koepels n de portiko's ferlern. Yn de hjerst fan 1982 fersochten patriarch Pimen en de synoade de autoriteiten om ien fan de eardere kleasters fan Moskou oer te dragen oan de Russysk-Ottedokse Tsjerke om dêr yn it ramt fan it millenium-jubileum fan 'de doop fan de Rûs' in tsjerklik sintrum te foarmjen. Op dat stuit waarden de gebouwen noch brûkt troch ferskillende organisaasjes.

Alhoewol't it ynearsten foar mannichien hast net te leauwen wie, folge in positive reäksje en waard yn dit gefal net ien tsjerkegebou, mar sels it hiele kleasterkompleks, dat ek nochris yn it sintrum fan de haadstêd fan de Sovjet-Uny stie, werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke om dêr wer in aktyf kleaster te iepenjen. Mei help fan jild fan it patriarchaat en de parochy's waarden de gebouwen restaurearre om it spirituele en bestjoerlike sintrum fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke te wurden. Yn de simmer fan 1988, doe't it millenium fan de doop fan Ruslân fierd waard, krige de Tsjerke fan de Hillige Faars syn rekonstruëarre ikoanen en ikonostaze werom en waarden der nije kapellen byboud. Der waard in museum iepene mei in útstalling fan manuskripen, âlde boeken, gravueres, portretten, foto's en persoanlike besittings fan de ynwenners fan it kleaster. Ek sette it kleaster útein mei it jaan fan kategeze oan folwoeksenen.
Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tsjerke fan de hillige Faars fan de sân Oekumenyske Synoades[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Tsjerke fan de hillige Faars fan de sân Oekumenyske Synoades is in kompleks gebou en bestiet út ferskate boudielen. De basis wurdt foarme troch de Foarbeatsjerke, wylst de boppe- of simmertsjerke yn 1729 tafoege waard yn de foarmen fan de Moskouse barok. Boppe de tagong fan de beneden- of wintertsjerke waard yn 1752 oan de westlike galery fan de simmertsjerke noch in tredde tsjerke oanboud. It gebou bestiet dus út twa simmertsjerken en ien wintertsjerke. De restauraasje fan de tsjerke fûn plak yn de jierren 1970-1980 en waard yn 1988 op 'e nij foar de earetsjinst ynwijd.
Trije-ienheidkatedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Trije-ienheidkatedraal waard op kosten fan in pear hannelslju yn 1838 yn let-klassisistyske foarmen boud. De katedraal waard yn de jierren 1930 ferboud en oanpast oan de nije funksje foar de opfang fan dakleaze jongerein. Yn de yn 1986 restaurearre en diels rekonstruearre katedraal wurde de reliken fan prins Daniël bewarre.


Residinsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De arsjitekt Joeri Romanovitsj Pabaev boude yn it ramt fan de weriepening fan it kleaster yn it westlike diel de twa ferdjippings tellende residinsje foar de Hillige Synoade en de Patriarch. Op de twadde ferdjippings waard in tsjerke ynrjochte, dy't wijd waard oan alle Russyske hilligen.
Tsjerke fan Siméon de Pylderhillige[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke datearret ut 1732 en waard û.l.f. de arsjitekt Ivan Fjodorovitsj Mitsjûrin boppe de poarte fan it kleaster boud. De toer boppe it barokke tsjerkegebou waard yn de kommunistyske tiid ôfbrutsen, mar is yn de jierren 1984-1988 rekonstruearre.
Tsjerke fan Serafim fan Sarov[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De bou fan de Serafimtsjerke waard begûn yn 1984, wylst de konsekraasje yn 1988 plakfûn. Yn de tsjerke wurde de roazekrâns en in diel fan de mantel fan de Russyske hillige Serafim fan Sarov bewarre.
Fierder binne der in betinkingskapel út 1988 en in kapel dy't yn it ramt fan it milleniumfeest fan de doop fan Ruslân op it kleasterplein boud waarden. Oare gebouwen lykas de sellen fan de bruorren binne fral 19e-iuwsk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|