Springe nei ynhâld

Narysjkin-barok

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Moskouse barok)
Foarbeatsjerke, Moskou.

De Narysjkin- of Moskovyske barok is in boustyl, dy't tusken 1685 en 1730 fral yn en om Moskou hinne populêr waard. De Narysjkinbarok foarmet in kombinaasje fan 'e tradisjonele Russyske arsjitektuer mei eleminten fan 'e barok, dy't fanút Sintraal-Jeropa oer de Oekraynske barok syn tapassing yn Ruslân fûn.

Likernôch yn 'e selde tiid ûntstie yn Ruslân ek de saneamde nei Peter de Grutte ferneamde Petrine barok. Dy styl oriïntearre him mear op de gewoane barok. It normative foarbyld fan 'e Petrine barok is de Petrus- en Pauluskatedraal yn Sint-Petersburch en it normative foarbyld fan 'e Narysjkin barok is de Foarbeatsjerke yn Moskou.

De earste tsjerken yn 'e Narysjkinbarok waarden op it lân fan 'e stienrike aadlike famylje Narysjkin boud. Ut dat Narysjkin-skaai stamde Natalja Kirillovna Narysjkina, de mem fan Peter de Grutte. De tsjerken waarden meast fan reade bakstien boud en mei wite stien dekorearre. De klokketoer waard net mear apart boud, lykas oant dy tiid yn Ruslân noch wenst wie, mar in ûnderdiel fan 'e sintraalbou.

Al gau rekke de boustyl ek yn oare dielen fan it lân yn 'e moade. Yn in soad kleasters waarden by ferbouwings ek de styl tapast, lykas yn it Donskoj-kleaster en Novodevitsji-kleaster. De meast ferneamde arsjitekten dy't de styl fertsjintwurdigen wiene Jakov Bûchvostov en Pjotr Potapov.

De Narysjkinbarok waard yn 'e jierren 1730 ferfongen troch de Elisabeth-barok, dêr't Bartolomeo Rastrelli de belangrykste fertsjintwurdiger fan wie. Rastrelli wie de hôfboumaster fan tsarina Elisabeth.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside (ferzje 5 april 2024); sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Naryschkin-Barock