Springe nei ynhâld

Foarbeatsjerke yn Fili

Ut Wikipedy
Foarbeatsjerke

Покровская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres Ul. Novozavodskaja 6
koördinaten 55° 45' N 37° 30' E
Arsjitektuer
boujier 1690-1693
boustyl Narysjkin-barok
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 771410299400006
Webside
pokrov-fili.ru
Kaart
Foarbeatsjerke yn Fili (Moskou-Ringwei)
Foarbeatsjerke yn Fili

De Tsjerke fan 'e Foarbea (Russysk: Церковь Покрова Пресвятой Богородицы в Филях) is in otterdokske tsjerke yn 'e Russyske haadstêd Moskou. De tsjerke stiet oan 'e Novozavodskaja Ulitsa 6 (yn 'e buert fan 'e Bolsjaja Filjovskaja Ulitsa) yn it westlike bestjoersdistrikt fan Moskou. De tsjerke waard yn 'e 17e iuw yn opdracht fan 'e bojaar Lev Narysjkin yn barokke styl boud.

De hjoeddeiske tsjerke ferfong yn 'e jierren 1690-1694 in houten tsjerke út 1619, dy't troch Michail Romanov boud waard út tankberens foar de Russyske oerwinning by Moskou op 'e Poalske troepen yn 1612.

De opdrachtjouwer foar de bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke wie Lev Narysjkin. Hy wie in broer fan Natalia Narysjkin, dy't troud wie mei tsaar Aleksej I, en de omke fan Peter de Grutte. By de opstân fan 'e Streltsy yn 1682 hold Lev him skûl yn 'e fertrekken fan syn suster Natalia en sa wist hy it der libben ôf te bringen. De beneden- of wintertsjerke fan 'e nijbou waard oan 'e Foarbea fan de Mem Gods wijd. Lev Narysjkin soe by de opstân fan 'e Streltsy's yn 'e fertrekken fan syn suster Natalia bean ha foar de ikoan fan 'e Ferlosser en om't hy fan betinken wie dat dat syn libben rêde, liet er út tankberens de boppe- of simmertsjerke wije oan Kristus de Ferlosser. Wa't de arsjitekt fan 'e klokketoer en tsjerke is, dy't ien gehiel foarmje, bliuwt ûnwis, mar der bestiet gjin twifel oer dat it deselde arsjitekt wie dy't op de binnenhôf fan 'e residinsje fan Lev Narysjkin mear nei it sintrum fan Moskou ek de tekeningen foar de Tsjerke fan it Teken foar syn rekken naam.

De Tsjerke yn 1891 (N.A. Naidenov).

It oarspronklike ynterieur fan 'e benedentsjerke bleau net bewarre. In soad gyng yn 1812 ferlern, doe't Frânske troepen de benedentsjerke as stâl brûkten. It ynterieur fan 'e boppetsjerke bleau foar it measte yntakt.

Sluting fan de tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn july 1941 waard de tsjerke sletten, nei't in fabryk al meardere kearen in fersyk yntsjinne hie om de tsjerke foar útwreiding te slopen. In lêste tsjinst fûn plak op 12 july fan dat jier. Dêrnei waard it heechstse achtkant fan de tsjerke ôfbrutsen om te ferhinderjen dat de Dútsers de toer as oriïntaasjepunt by loftoanfallen brûkten. Oant 1943 waard de ûndertsjerke as hospitaal brûkt en dêrnei as opslach foar papierprodukten. Yn 1955 waard útein set mei de restauraasje fan 'e tsjerke, dy't duorre oant 1971 foar it bouwurk sels en oant 1980 foar it ynterieur. It Sintrale Museum foar Alde Russyske Kultuer krige de tsjerke as filiaal yn gebrûk, dat ferneamd waard nei Andrej Rûbljov en yn 1980 foar de Olympyske Spullen iepene waard.

Sûnt de jierren 1990 besocht de otterdokske mienskip de tsjerke werom te krijen. In earste tsjerketsjinst waard op 14 oktober 1992 yn 'e benedentsjerke tastien, wêr gjin grutte keunstwurken bewarre bleaun binne. Der waard foar de tsjerke in preester beneamd, mar regelmjittige tsjinsten koene noch net plak fine. De boppetsjerke bleau yn gebrûk troch it museum, om't de meiwurkers fan it museum fan betinken wiene dat de beskerming fan it monumint better by it museum yn hannen wie. Nei in langduorjend skeel tusken de Russysk-Otterdokse Tsjerke en it Andrej Rûbljov-museum namen de autoriteiten it beslút dat de tsjerke dield wurde moast en sûnt dat momint wurde alle wiken wer tsjerketsjinsten yn 'e benedentsjerke fierd. Yn 'e benedentsjerke stiet in 19e-iuwske ikonostaze. Ek in soad ikoanen en muorrefresko's fan 'e benedentsjerke binnen 19e-iuwsk.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Покрова Пресвятой Богородицы в Филях