Ferlossertsjerke yn it doarp Ubory (Moskou Oblast)
Ferlossertsjerke
Спасская церковь | ||
De tsjerke yn 2015 | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Moskou | |
rajon | Odintsovo | |
plak | Oebory | |
koördinaten | 55° 43' N 37° 06' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1694-1697 | |
boustyl | Moskouse barok | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 5010340000 | |
Kaart | ||
De Ferlossertsjerke (Russysk: Спасская церковь, Spasskaja tserkov) is in barokke Russysk-Otterdokse tsjerke yn it doarpke Ubory yn it rajon Odintsovo yn 'e oblast (Moskou), Ruslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De op in heuvel oan 'e Moskwa steande tsjerke is in moai foarbyld fan 'e saneamde Moskouse Barok (ek: Narysjkin-barok) en waard tusken 1694 en 1697 boud yn opdracht fan 'e bojaar Pjotr Vasiljevitsj Sjeremetev. De stiennen tsjerke ferfong in houten tsjerke út 1673. Arsjitekt wie Jakov Grigorivitsj Boechvostov. Nei de foltôging, dy't de opdrachtjouwer sels net mear meimeitsje soe, waard der noch ris trije jier wurke oan 'e ynrjochting. Foar de tsjerke waard in 25 meter hege houten ikonostaze boud mei njoggen rigen ikoanen.
Yn 1812, it jier fan 'e Frânske ynvaazje, die Napoleon's leger op wei nei de haadstêd Moskou ek it doarp Oebory oan en liet in ferwoastge tsjerke achter. Oant 1836 bleau dy tsjerke der leech by stean, dêrnei folge in restauraasje.
Yn 'e Sovjet-tiid bleau de tsjerke oant de jierren 1930 iepen foar de earetsjinst. Oars as in soad oare tsjerken yn it kommunistyske Ruslân bleau it gebou stean, mar de ikonostaze waard stikken seage en dêrnei opbaarnd. Ek de klokken oerlibben de ateïstyke tiid net en waarden omraand.
Yn 1995 folge de weromjefte fan it gebou oan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke en in restauraasje.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke figurearre yn 'e films Dark Eyes (1987) en The Barber of Siberia (1998).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russyske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Спасская церковь в селе Уборы
|