Moskwa

Ut Wikipedy
De Moswa heart ta it streamgebiet fan de Wolga
Andrejewski-brêge by it Gorkipark, Moskou

De Moskwa (Russysk: Москва-река) is in rivier yn de Sintraalrussyske oblasten Smolensk en Moskou en de stêd Moskou. De rivier is 502 km lang en rint út yn de rivier de Oka, sa'n 120 km súdeastlik fan de Russyske haadstêd.

Yn novimber - desimber befriest de rivier en it iis bliuwt lizzen oant ein maart - begjin april.

Binnenskipfeart op de Moskwa is mooglik. Moskou hat dan ek ferskate havens. Sûnt 1937 makket it 126 km. lange Moskou-Wolga-Kanaal skipfeart nei it noarden mooglik.