Dom fan Eichstätt

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Domtsjerke fan Eichstätt

De Dom fan Eichstätt (Dom zu Eichstätt) is de oan Sint-Salvator, Us-Leaffrou en Sint-Willibald wijde katedraal fan it katolike bisdom Eichstätt yn de Dútske stêd Eichstätt yn de dielsteat Beieren. De stifting fan de tsjerke giet werom op de hillige Willibald, dy’t hjir al yn de 8e iuw in earste stiennen tsjerke bouwe litten hawwe soe.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foargonger[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens opgravings yn de jierren 1970 wie de earste tsjerke op it plak in 12 meter lange sealtsjerke mei oanslutend in kleaster foar muontsen. It kleaster waard by ynfallen fan Hongaren ferwoastge, mar de tsjerke bleau bestean. Fan dy earste tsjerke binne dielen yn it muorrewurk fan it eastlike koer bewarre bleaun.

Biskop Reginold (966–991) liet foar de oerbliuwsels fan Willibald oer de resten fan it kleaster in rûn bouwurk mei twa tuorren en in krypt oanlizze.

Romaanske tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de stêden Speyer en Augsburg in nije gruttere katedraal krigen, makke ek biskop Heribert (1022–1042) in begjin oan de nijbou fan de domtsjerke fan Eichstätt. It skip en it koer fan dizze nijbou waarden dyn 1060 ynwijd. Dizze romaanske katedraal wie neffens ûndersyk yn 1972-1975 in krúsfoarmige basilyk mei in eastlike en westlike apsis en in 16 meter lange, eastlike krypt. De beide letromaanske tuorren ûntstiene nei alle gedachten net earder as yn de 12e iuw. In wijing op 13 oktober 1310 foarme wierskynlik de ôfsluting fan de bou fan de romaanske domtsjerke.

Goatyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It letgoatyske mortuarium
Renêssânse byld fan Willibald
Barokke gevel út 1716-1718

Fan 1256 ôf waard útein set mei it iergoatyske westlike koer fan de tsjerke. Yn 1269 kaam de bou ree, dêr’t de reliken fan Willibald yn bysetten waarden. De Salyske tsjerke waard ûnder de biskoppen Raban Truchsess fan Wilburgstetten en Freark IV fan Oettingen stadichoan ôfbrutsen en dêr foar yn’t plak kaam de no noch besteande heechgoatyske halletsjerke. Nei 1350 begûn de bou fan it eastlike koer, wylst it westlike koer tsjin 1400 mei it skip ferbûn waard. It noardlike portaal toant it jiertal 1396.

Yn de letgoatyske tiid waarden de sakristy foar it kapittel en de Roritzerkapelle (1463–1480) tafoege.

Yn 1410 waard begûn mei de bou fan de noardlike fleugel fan de oanslutende kleastergong en mei de bou fan it mortuarium de bou fan de kleastergong yn 1510 ôfsletten.

Barok[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De barokke westlike gevel stamt út de jierren 1716-1718. De biskop liet de gevel bouwe út tank foar it sparjen fan de stêd tidens de Spaanske Súksesjekriich. It ynterieur fan de tsjerke waard foar in part fan nij barok tsjerkemeubilêr foarsjoen. It goatyske maaswurk waard út de ramen brutsen en de bûnte goatyske beglêzing ferfongen troch helder glês om sa mear ljocht yn te litten.

19e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1845 bestie it bisdom Eichstätt 1100 jier en yn dat ramt waarden nije plannen makke foar de domtsjerke: Biskop Karl August fan Reisach woe mei it kapittel de domtsjerke yn de midsiuwske steat werombringe. Mar brek oan jild soarge der foar dat der ynearsten net mear barde as it oerskilderjen fan de barokke ynrjochting en it ferwiderjen fan inkelde barokke alters. Tusken 1849 en 1850 kaam der mear finansjele romte en waard it mortuarium restaurearre. Under biskop Franz Leopold fan Leopold krige de hiele tsjerke tusken 1881 en 1904 in opknapbeurt. De dom krige binnen in ienfoarmich letgoatysk oansjen, nije neogoatyske ramen waarden yn it koer set en in nij heechalter waard boud, wêrby't grutte dielen fan it oarspronklike midsiuwske alter yntegrearre waarden. Ek waarden de kapen fan it ferwulft beskildere mei ranken en foarstellings fan leginden fan de hillige Willibald. De ramen fan it tsjerkeskip krigen goatysk maaswurk en nij brânskildere beglêzing. De restauraasje kaam yn 1893 ree, wylst der oant yn de 20 iuw noch wurke waard oan de kleastergong.

20e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It risseltaat fan de renovaasje wie foar guon net al te befredigjend. Al gau fûnen kritisy de tsjerke troch de bûnte ramen no te donker en te kâld oandwaan. Yn 1936 waard dêrom in diel fan de ramen wer troch helder glês ferfongen. Efkes letter waard de tsjerke fan binnen ek wer oerskildere. Yn it ramt fan dizze restauraasje waarden de alters op'e nij oardene en sa ûntstie yn 1942 in gearstalling fan de neogoatyske alters en de orizjnele midsiuwske alters. Om't it tsjerkebestjoer benaud wie dat de nasjonaal-sosjalistyske autoriteiten it rike besit fan it biskoplike museum yn beslach nimme soene, liet se de neogoatyske bylden yn de tsjerke troch de midsiuwske orizjinele bylden ferfange. It museum waard neitiid opheven. Yn de kriich wie brûns wichtich kriichsmaterjaal, mar tanksij monumintensoarch koene teminsten inkelde klokken fan de dom oan beslachlizzing ûntkomme.

It wurk oan de dom yn de kriichsjierren 1940-1945 drukt ek hjoeddedei noch it stimpel op de tsjerke. Dy restauraasje wie ek it útgongspunt foar de renovaasje yn de jierren 1971-1976. Tidens dizze renovaasje sneuvelen de koerhekken, eat dat op fersyk fan de doedestiidske biskop barde, mar dêr't de monumintensoarch bot op tsjin wie. Fan 1958 oant 1965 waard de dom fan de bûtenkant restaurearre.

Ynrjochting (seleksje)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Madonna fan Buchenhüll
Pappenheimer alter

De dom is tige ryk oan keunstwurken, mar it meast ferneamde keunstwurk yn de biskopstsjerke is wol it hast 10 meter hege Pappenheimer alter út 1489-1497. De namme fan it sânstiennen alter ferwiisd nei de man dy't de bou fan it alter mooglik makke. Ut tankberens liet koarhear Kaspar Marschall fan Pappenheim it bouwe, nei't er feilich werom kaam fan in beafeart nei Palestina. It boppendiel toant de krusiging fan de Heilân mei oan wjerskanten de misdiedigers, it ûnderste diel de mannichte fan minsken dy't de krusiging bywennen.

Oan de súdlike fieringspylder stiet in oar wichtich keunswurk: de saneamde Buchenhüller Madonna. It goatyske byld stie sûnt 1430 yn de beafeartstsjerke fan Buchenhüll. Alder is de saneamde Sibotomadonna yn it Willibaldskoer (1296).

Yn it neogoatyske heechalter yn it eastlike koer steane yn de sintrale skryn de houten bylden fan it âlder letgoatysk fleugelalter. De fiif grutte bylden fan in Madonna op in moannesikkel en de beskermhilligen fan it bisdom waarden om 1470 hinne snien. De fleugels binne ek midsiuwsk en drage acht letgoatyske reliëfs oer de lijensskiednis fan Kristus.

Yn it westlike koer stiet it renêssânse byld fan Willibald út 1514. De reliken fan de hillige wurde oan de efterkant fan it byld yn in moarmeren urn bewarre.

Tal fan oare alters en grêfmonuminten binne yn de hiele tsjerke en it mortuarium te finen.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tsjintwurdige oargel waard yn 1975 troch de oargelmakker Sandtner út Dillingen oan de Donau boud. It hat 68 registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis op dizze side.