Dolly Akers

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Dolly Akers
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Dolly Akers.jpg
echte namme Dolly Smith Cusker Akers
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
bertedatum 23 maart 1901
berteplak Wolf Point (Montana)
stjerdatum 5 juny 1986
stjerplak Helena (Montana)
etnisiteit Flagge fan de Assiniboin & Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana.png Assiniboin
Flag of Ireland.svg Iersk
lid fan 'e Stammeried fan Bestjoer fan de Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana
amtsperioade 19?? – 1959
lid fan it Steatshûs fan Offurdigen fan Montana
amtsperioade 19331934

Dolly Akers (folút: Dolly Smith Cusker Akers; Wolf Point (Montana), 23 maart 1901Helena (Montana), 5 juny 1986) wie in Amerikaansk polityk aktiviste en politika fan mingd Iersk-Yndiaansk etnysk komôf. Hja wie de earste Yndiaan dy't yn it Steatskongres fan Montana keazen waard en teffens de earste frou dy't keazen waard as lid fan 'e Stammeried fan Bestjoer fan 'e federaal erkende Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Akers waard yn 1901 berne yn Wolf Point, yn 'e Amerikaanske steat Montana as de dochter fan Nellie Trexler, in Assiniboin-Yndiaanse, en William Smith, in blanke Amerikaan fan Iersk komôf. Akers brocht har jonkheid troch yn it Fort Peck Yndianereservaat, mank it folk fan har mem, en waard as tinerfamke nei it Sherman Ynstitút ta stjoerd, in kostskoalle yn Riverside (Kalifornje). Dêr foltôge se mei sechstjin jier har oplieding, dy't fierhinne delkaam op 'e húshâldskoalle, wêrnei't se weromkearde nei Montana.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1917, itselde jiers dat se út Kalifornje weromkommen wie, troude Akers mei in Assiniboin-Yndiaan dy't fan George Cusker hiet. Hja dreaune in boerepleats yn 'e neite fan Poplar, en krigen ien dochter, Alvina. Cusker kaam yn 1941 te ferstjerren, wêrnei't Akers yn 1944 wertroude mei in John Akers. Dyselde stoar yn 1959, sadat Akers doe foar de twadde kear widdo waard.

Politike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1923 beselskippe Akers twa fertsjintwurdigers fan 'e Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana, Bear Hill en Dave Johnson, nei de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., om as harren tolk te fungearjen. De delegaasje wie útstjoerd om te lobbyen foar finansiering fan it ûnderwiis yn it Fort Peck Yndianereservaat, mar wylst se yn Washington ferbleau, sette Akers har der ek foar yn dat Yndianen de Amerikaanske nasjonaliteit krije soene (oant dy tiid wiene hja formeel steateleas). It oare jiers, 1924, waard mei troch har ynset de Yndiaanske Boargerskipswet oannommen, wêryn't dat fierhinne regele waard.

Akers har earste man George Cusker wie lid fan 'e Stammeried fan Bestjoer fan 'e Assiniboin en Sû Stammen, en Akers naam syn funksje gauris foar him waar as it him troch wurk of oare omstannichheden net paste. Uteinlik waard se as earste frou út eigen namme yn 'e Stammeried beneamd. Yn 1932 waard Akers boppedat foar de Demokratyske Partij keazen yn it Steatshûs fan Offurdigen fan Montana, dêr't se as earste Yndiaan fan 1933 oant 1934 lid fan wie. Yn dy tiid waard hja beneamd yn 'e kommisje oangeande bannen mei de federale oerheid, en teffens fungearre se as fertsjintwurdichster fan 'e gûverneur fan Montana foar de Amerikaanske minister fan Binnenlânske Saken oer.

Ek nei't har termyn as steatspolitika ôfrûn wie, bleau Akers polityk aktyf. Hja besocht Washington, D.C. 57 kear as offisjeel offurdige fan 'e Assiniboin en Sû Stammen en siet mei tuskenskoft fjirtich jier lang yn 'e Stammeried fan Bestjoer. Har wurkpaad wie net sûnder kontroverse; sa waard se Yn 1959 mei 279 tsjin 189 stimmen út 'e Stammeried setten en "foar ivich" útsletten fan it bestjoeren en fertsjintwurdigjen fan 'e Assiniboin en Sû Stammen. Dat beslút waard by in lettere stimming lykwols neatich ferklearre. Akers wie in fûleindich ferdigenster fan 'e Yndianen en fersette har út alle macht tsjin it foech fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) om te beslissen oer de natuerlike helpboarnen op Yndiaansk lân. Weromsjend op har libben wie hja it meast grutsk op har lobbyen foar de Yndiaanske Boargerrjochtewet fan 1968 en foar de regeling dy't it mooglik makke dat Yndianestammen har eigen abbekaten ynhierden.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dolly Akers kaam op 5 juny 1986 yn Helena, de haadstêd fan Montana, te ferstjerren. Hja waard 85 jier âld.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.