Springe nei ynhâld

Doarpisme

Ut Wikipedy

Doarpisme is pleatslik sjauvinisme dat fral ta utering komt yn in sekere ‘fijannigens’ foar oare doarpen oer, al as net yn de omkriten lizzend. It ferskynsel kaam yn oeral Nederlân foar en libbet op guon plakken anno 2010 noch wol.

As oarsaken kinne neamd wurde: de eartiidske konsintraasje op spesifike doarpssaken ( sa as terpbou, agraryske organisaasje, earmesoarch, buorreplicht), de doetiidske isolaasje fan de doarpen, de striid om in ekonomyske- of politike machtsposysje (bygelyks tsjinstellingen tusken stêden underling of skeel tusken doarp en stêd oer b.g waachrjocht), de ôftwongen tsjerklike kombinaasjes sûnt de Reformaasje en it ferskil yn doarpstype nei sosjale struktuer (bygelyks boeredoarpen neist arbeiders- en middenstânsdorpen).

Yn it grut krige it doarpisme stâl yn it ôfwikseljend partijkiezen yn partijskippen yn de Midsiuwen, bygelyks Dokkum en Snits tsjin Ljouwert oer en Harns kontra Frjentsjer. Yn it lyts kaam it ta utering yn it ôfwarjen fan frijers út doarpen yn de omkriten (minder troch de famkes as troch de potinsjele frijers út it eigen doarp).

It tanimmend ferkear en de mobiliteit fan de befolking yn de jierren 1960 hawwe de tsjinstellings tusken de doarpen tige fermindere, mar it is somtiden noch wol te fielen by ûnder oaren sportwedstriden. Fral de lytsere doarpen hawwe frede sletten út reden fan harren mienskiplik belang foar de hurd waaksende grutte sintra yn deselde gemeente oer.

Ek yn 2010 dûkt de term "doarpisme" noch gereldwei op at it giet om gemeentebelied of gemeentefúzjes en it de leefberens fan doarpen oanbelanget. Foarstanners fan desintralisaasje, it behâld fan foarsjennings yn alle doarpen, beneame it posityf, wylst tsjinstanners it opkommen foar it doarpsbelang 'âldfrinzich doarpisme, of 'nâlestaorjen op eigen doarp' neame.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Dorpisme.