De Klank fan de Fanfare
De Klank fan de Fanfare | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Der Klang der Fanfare | |
auteur | Johano Strasser | |
taal | Dútsk | |
foarm | roman | |
sjenre | oarlochsroman | |
1e publikaasje | 1987, Reinbek | |
oarspr. útjwr. | Rowohlt Verlag | |
kodearring | ||
ISBN | 3 49 80 62 123 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Klank fan de Fanfare | |
publikaasje | 1990, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Fryslân | |
oersetter | Jan de Jong | |
ISBN oers. | 9 07 00 98 296 |
De Klank fan de Fanfare, yn it oarspronklike Dútsk: Der Klang der Fanfare, is in roman fan 'e hân fan yn Ljouwert berne Dútske skriuwer, dichter, oersetter, publisist, útjouwer en politikolooch Johano Strasser (1939). Yn dit boek grypt Strasser werom op oantinkens út syn ierste jonkheid yn Fryslân (1939-1945), en hat er ek fierdere autobiografyske eleminten ferwurke, lykas it esperantisme (syn âldelju wiene fûleindige esperantisten). Der Klang der Fanfare waard foar it earst publisearre yn 1987, en de Fryske oersetting, fan Jan de Jong, ferskynde yn 1990.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De roman fertelt it ferhaal fan Karel Moises, dy't op 1 maaie 1916 berne wurdt (Strasser sels is ek op 1 maaie berne) te Ljouwert, en opgroeid yn in radikaal sosjalistysk fermidden. Letter jout er him by de Esperanto-beweging, wylst syn broer lid wurdt fan 'e NSB. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wurdt Moises troch de Dútsers oppakt fanwegen syn linkse politike ideeën en syn sympaty foar it kommunisme, en bedarret er yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. Hy trochstiet lykwols de ferskrikkings fan 'e kampen en set him nei de oarloch yn Dútslân nei wenjen, dêr't er in esperantistyske organisaasje oprjochtet, en yn 1959 komt te ferstjerren.
It boek is skreaun yn 'e ik-persoan, fanút it eachpunt fan 'e styfsoan fan Karel Moises, dy't in ûnbedimbere oanstriid fielt om mear út te finen oer it libben fan syn te jong ferstoarne styfheit. Dêrta reizget er nei Moises syn berteplak Ljouwert, dûkt er yn argiven, siket er âlde kranten troch en besiket er freonen en kunde fan Moises. De tsjintwurdige tiid fan 'e ik-ferteller en it ferline fan Moises rinne dêrby trochinoarhinne.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Klang der Fanfare waard yn 1990 ûnder de titel De Klank fan de Fanfare yn it Frysk oerset troch Jan de Jong. Dy 331 siden tellende fertaling waard útbrocht by Utjouwerij Fryslân, te Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|