Springe nei ynhâld

Departemint Stêd en Lannen fan Grinslân

Ut Wikipedy
Departemint Stêd en Lannen fan Grinslân
Departement Stad en Landen van Groningen
1802-1807
flagge wapen
Nog geen vlag Nog geen wapen
geografyske lokaasje

Departemint Stêd en Lannen fan Grinslân (donkergrien rjochtsboppe)
polityk
lân Bataafsk Mienebest
haadstêd Grins
talen Nederlânsk, Nedersaksysk
foarm Departemint fan it Bataafsk Mienskip
ûntstien út Departemint fan de Iems
opgien yn Departemint Grinslân
no diel fan Provinsje Grinslân
sifers
ynwennertal
befolkingstichtens
oerflak

It departemint Stêd en Lannen fan Grinslân wie in Nederlânsk departemint fan it Bataafsk Mienebest en bestie fan 1802 oant 1807. De haadstêd wie de stêd Grins.

Nei it oprjochtsjen fan it Bataafsk Mienebest yn 1801 waard by wet fan 21 juny 1802 it departemintaal ferpartsjen fan it ryk fêstlein. It eardere departemint fan de Iems waard opspjalte en it eastlik part dêrfan foarme i departemint Stêd en Lannen fan Grinslân. De grinzen kamen oerien mei it eardere goa Stêd en Lân fan de Bataafske Republyk {1795-1798), mar befette no ek de eardere generaliteitslannen Westerwâlde en Wedde. It grûngebiet fan it departemint komt likernôch oerien mei de hjoeddeistige provinsje Grinslân.

Nei it oprjochtsjen fan it keninkryk Hollân yn 1806 waard by wet fan 13 april 1807 it departemintaal ferpartsjen fan it ryk fêstlein. De namme fan it departemint waard feroare ta it departemint Grinslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • H.A. Kamphuis: Stad en Lande tijdens de Bataafse Republiek, Utjouwerij Koninklijke Van Gorcum, Assen (2005), ISBN 90-232-4080-4
Departeminten fan it Bataafsk Mienebest
Bataafsk-BrabânDepartemint FryslânDepartemint GelderlânDepartemint HollânDepartemint OeriselDepartemint SeelânDepartemint Stêd en Lannen fan GrinslânDepartemint Utert
· · Berjocht bewurkje