Departemint Stêd en Lannen fan Grinslân
Departemint Stêd en Lannen fan Grinslân Departement Stad en Landen van Groningen | |
---|---|
1802-1807 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
Departemint Stêd en Lannen fan Grinslân (donkergrien rjochtsboppe) | |
polityk | |
lân | Bataafsk Mienebest |
haadstêd | Grins |
talen | Nederlânsk, Nedersaksysk |
foarm | Departemint fan it Bataafsk Mienskip |
ûntstien út | Departemint fan de Iems |
opgien yn | Departemint Grinslân |
no diel fan | Provinsje Grinslân |
sifers | |
ynwennertal | |
befolkingstichtens | |
oerflak |
It departemint Stêd en Lannen fan Grinslân wie in Nederlânsk departemint fan it Bataafsk Mienebest en bestie fan 1802 oant 1807. De haadstêd wie de stêd Grins.
Nei it oprjochtsjen fan it Bataafsk Mienebest yn 1801 waard by wet fan 21 juny 1802 it departemintaal ferpartsjen fan it ryk fêstlein. It eardere departemint fan de Iems waard opspjalte en it eastlik part dêrfan foarme i departemint Stêd en Lannen fan Grinslân. De grinzen kamen oerien mei it eardere goa Stêd en Lân fan de Bataafske Republyk {1795-1798), mar befette no ek de eardere generaliteitslannen Westerwâlde en Wedde. It grûngebiet fan it departemint komt likernôch oerien mei de hjoeddeistige provinsje Grinslân.
Nei it oprjochtsjen fan it keninkryk Hollân yn 1806 waard by wet fan 13 april 1807 it departemintaal ferpartsjen fan it ryk fêstlein. De namme fan it departemint waard feroare ta it departemint Grinslân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Departeminten fan it Bataafsk Mienebest | ||
---|---|---|
Bataafsk-Brabân • Departemint Fryslân • Departemint Gelderlân • Departemint Hollân • Departemint Oerisel • Departemint Seelân • Departemint Stêd en Lannen fan Grinslân • Departemint Utert | ||
· · |