Springe nei ynhâld

Demografy

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Demograaf)

Demografy, fan it Aldgrykske δῆμος, dēmos ("folk") en -γράφω, -graphō ("skriuwen"), dus eins 'folksbeskriuwing', of ek wol befolkingslear, is de statistyske stúdzje fan befolkingen en befolkingsgroepen, wêrby't it yn 'e regel om minsken giet, hoewol't it yn prinsipe ek tapast wurde kin op dierlike, plantaardige of lykfol hokker oare populaasje fan libbene organismen. Dizze tûke fan 'e wittenskip kin ûnderbrocht wurde by de sosjology, hoewol't der beslist ek reitsflakken binne mei de antropology en de wiskunde. Immen dy't oan demografy docht, is in demograaf.

By de stúdzje fan demografy wurdt benammen ûndersyk dien nei de grutte, groei, struktuer en fersprieding fan befolkingen, en geografyske of tiidrelatearre feroarings yn befolkingen dy't feroarsake wurde troch berte, migraasje, ferâldering en ferstjerren. Troch op it mêd fan sokke saken nei ûntwikkelings út it ferline te sjen, kin de takomst mei ridlike wissichheid foarsein wurde. Sa kinne demografen bygelyks de minsklike befolkingsgrutte fan in beskaat lân of fan 'e hiele wrâld yn it jier 2100 foarsizze troch dernei te sjen hoe grut oft dy no is en de befolkingsûntwikkeling fan 'e lêste iuw of mear te bestudearjen.

Sa'n demografyske analyze kin tapast wurde op in hiele maatskippij, mar ek op ûnderskate befolkingsgroepen dy't definiëarre wurde troch kritearia lykas nasjonaliteit, etnisiteit, kultuer, godstsjinst, âlderdom, geslacht, maatskiplike klasse, ekonomyske status, ûnderwiis, ensfh., of troch in kombinaasje fan sokke kritearia. Dêrby beheint de formele demografy him ta de stúdzje fan it mjitten fan 'e befolkingsprosessen, wylst it bredere wittenskiplike fjild fan 'e sosjale demografy ek de ûnderlinge ferhâldings tusken ekonomyske, maatskiplike, kulturele en biologyske prosessen analysearret dy't ynfloed útoefenje op in befolking.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.