De Normer
Appearance
De Normer is in buorskip yn de gemeente Hollâns Kroan yn de provinsje Noard-Hollân. It plak wurdt ek wol skreaun sûnder 'De' , dus as Normer. Oant 31 desimber 2011 hearde De Normer by de gemeente Wieringen, dy't op 1 jannewaris 2012 by in gemeentlike weryndieling opgie yn de gemeente Hollands Kroon.
De buorskip leit yn de Normerpolder, noardlik fan Westerlân en westlik fan De Belt en Hippolytushoef. Al beslacht de buorskip hast de hiele polder, dochs is it tal ynwenners mar lyts. Sa wennen der yn 1840 ûngefear 25 ynwenners, tsjintwurdich binne dat net folle mear. De polder is dêrom ek bekend by fûgeltsjelju.