Springe nei ynhâld

De Nacht (boek fan Elie Wiesel)

Ut Wikipedy
De Nacht
algemiene gegevens
oarspr. titel La Nuit
auteur Elie Wiesel
taal Frânsk
foarm autobiografy
sjenre holokaustliteratuer
1e publikaasje 1958, Parys
oarspr. útjwr. Les Éditions de Minuit
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Nacht
publikaasje 1995, Dokkum
útjouwer KFFB
oersetter Jacobus Knol
ISBN oers. 9 07 49 18 069

De Nacht, yn it oarspronklike Frânsk: La Nuit, is in boek fan 'e hân fan 'e Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist en Nobelpriiswinner Elie Wiesel (1928). It is syn autobiografysk tsjûgenis oer syn ûnderfinings út 'e jierren 1944 en 1945, doe't er, oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, deportearre waard en op it hichtepunt fan 'e holokaust yn 'e Dútske konsintraasjekampen Auschwitz en Buchenwald bedarre. La Nuit waard foar it earst útjûn yn 1958; de Fryske oersetting fan Jacobus Knol kaam út yn 1995.

Nei de oarloch duorre it mear as tsien jier ear't Wiesel oer syn ûnderfinings yn 'e konsintraasjekampen prate koe. Uteinlik wie it syn freon, de Frânske winner fan 'e Nobelpriis foar de Literatuer François Mauriac, dy't him dy't him oerhelle om syn ferhaal op te skriuwen. Dat resultearre yn in 865 siden tellend manuskript, dat nei in ûnmeilydsume redigearring yn 1956 yn it Jiddysk publisearre waard as it 245 siden tellende boek Un di Velt Hot Geshvign ("En de Wrâld Swei"). Neitiid redigearre Wiesel nochris hast 150 siden fuort en werskreau er syn tsjûgenis ta goed hûndert siden yn it Frânsk. Dat waard La Nuit, dat yn 1958 útkaam.

Elie Wiesel.

Mar sels mei de stipe fan Mauriac, dy't ek in foarwurd by La Nuit skreau, hie Wiesel noch muoite om in útjouwer te finen, en it boek ferkocht yn 't earstoan min. Pas nei't de Ingelske oersetting (Night) yn 1960 op 'e merk kommen wie, en de media nei oanlieding dêrfan oandacht oan him skonken, begûnen syn boeken better de ferkeapjen. Hjoed de dei is La Nuit oerset nei mear as 30 talen en wurdt it, yn 'e mande mei It Deiboek fan Anne Frank en Primo Levi syn Se Questo È un Uomo ("As Dit in Man Is"), beskôge as ien fan 'e fûneminten fan 'e holokaustliteratuer. Om 1997 hinne waarden fan La Nuit allinne yn 'e Feriene Steaten al 300.000 eksimplaren jiers ferkocht.

Oars as dat mei de boeken fan Anne Frank en Primo Levi it gefal is, is it net alhiel dúdlik hoefolle fan Wiesel syn ferhaal oft memoire is en hoefolle oft er der letter by betocht hat. Hysels hat lulk reägearre op 'e bewearing dat er syn autobiografyske ûnderfinings fermongen hat mei fiksje, mar dochs hawwe skiedkundigen syn ferhaal net alhiel rime kind mei de wurklikheid.

De Nacht is it earste diel fan in trilogy (mei De Dage en De Dei as oare beide dielen) dy't Wiesel syn geastessteat werjout ûnder en nei de holokaust. De titels fan 'e trije boeken litte in oergong fan tsjuster nei ljocht sjen, neffens de joadske tradysje om 'e dei te begjinnen by sinne-ûndergong. Wiesel: "Yn De Nacht woe ik de ein toane, de definitive einigens fan it barren. Alles kaam ta in ein — de minske, skiednis, literatuer, godstsjinst, God. Der wie neat mear oer. En dochs begjinne wy fannijs mei de nacht."*[1]

Yn De Nacht ferhellet Wiesel oer hoe't de joaden fan syn berteplak Sighet (it hjoeddeiske Sighetu Marmației, yn noardlik Roemeenje, mar doedestiden ûnderdiel fan Hongarije) hieltyd slimmer te lijen krije ûnder de antysemityske maatregels fan it Hongaarske regear, dy't ynfierd wurde ûnder druk fan 'e nazys. Earst wurde de joaden dy't net bewize kinne dat se Hongaarske steatsboargers binne, deportearre. Dan wurde de oaren geartroppe yn in getto. Uteinlik, yn 1944, wurde ek sy deportearre, en ûnder harren is Wiesel syn famylje.

Auschwitz-Birkenau.

Op 'e âldens fan sechstjin jier komt Wiesel yn Auschwitz telâne, dêr't syn mem en jongste suske frijwol daliks fermoarde wurde. Hysels en syn heit bedarje yn in wurkkamp, dêr't de omstannichheden abominabel binne en de hiele wrâld op 'e kop komt te stean. Wiesel docht der in almar oanboazjende ôfwearze fan 'e minskheid op. Nei ferrin fan tiid, as it Reade Leger te nei-oan komt, wurde de oerlibjende finzenen nei it westen ta dreaun, dêr't se yn Buchenwald fêstset wurde.

Dêr binne de omstannichheden, op 'e ein fan 'e oarloch, as foar gewoane Dútsers de libbensbehoeften al krap wurde, sa mooglik noch minder. Wiesel syn oan dysentery, ûnderfieding en útputting lijende heit rekket suver hielendal fan him ôfhinklik, wat him wrokkich makket. Nei't syn heit yninoar slein wurdt troch in bewekker kriget er ek noch in wan bruien fan twa oare finzenen, om't er net mear bûten komme kin om syn behoef te dwaan. Wiesel is net by steat en beskermje him. Syn heit stjert oan 'e gefolgen fan 'e mishanneling in pear wike foar't Buchenwald troch de Amerikanen befrijd wurdt.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan La Nuit ferskynde yn 1995 ûnder de titel De Nacht by de Kristlik Fryske Folksbibleteek (nû. 385), mei stipe fan 'e provinsje Fryslân. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Jacobus Knol te Dokkum. Yn 2002 waard deselde oersetting nochris útjûn, op 'e nij troch de KFFB (nû. 423), yn in omnibus mei twa oare, nau besibbe boeken fan Wiesel, De Dage en De Dei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Reichek, Morton A., Elie Wiesel: Out of the Night.

Boarnen

  • Reichek, Morton A., Elie Wiesel: Out of the Night, yn: Present Tense (s. 41-47), maityd 1976.
  • Wiesel, Elie, De Nacht, Dokkum, 1995 (KFFB), ISBN 9 07 49 18 069.
  • Wiesel, Elie, De Nacht / De Dage / De Dei, Dokkum, 2002 (KFFB), ISBN 9 07 49 18 433.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.