Springe nei ynhâld

De Dei (novelle fan Elie Wiesel)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Dei)
De Dei
algemiene gegevens
oarspr. titel Le Jour
auteur Elie Wiesel
taal Frânsk
foarm novelle
sjenre holokaustliteratuer
1e publikaasje 1961, Parys
oarspr. útjwr. Éditions du Seuil
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Dei
publikaasje 2002, Dokkum
útjouwer KFFB
oersetter Jacobus Knol
ISBN oers. 9 07 49 18 433

De Dei, yn it oarspronklike Frânsk: Le Jour, is in novelle fan 'e hân fan 'e Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist en Nobelpriiswinner Elie Wiesel (1928). It is it trêde diel fan in trilogy, mei De Nacht as earste en De Dage as middelste diel. Oars as De Nacht, dat in autobiografysk tsjûgenis fan 'e skriuwer is oer syn finzenskip yn 'e konsintraasjekampen Auschwitz en Buchenwald, is De Dei (krekt as De Dage) in fiksjoneel wurk, sij it mei autobiografyske eleminten. It fertelt yn it ik-perspektyf oer in holokaustoerlibbene dy't jierren nei de oarloch yn New York nei in ûngemak yn it sikehûs bedarret en dêr, wylst er opbetteret, foar it earst syn oarlochsûnderfinings ûnder eagen sjocht en besiket mei himsels yn it reine te kommen. Le Jour waard foar it earst útjûn yn 1961; de Fryske oersetting fan Jacobus Knol kaam út yn 2002.

Eliezer, in jonge joadske sjoernalist yn New York, wurdt op in dei bûten eigen skuld om oanriden troch in taksy. Hy komt yn it sikehûs, dêr't er ferskate operaasjes ûndergean moat. Neitiid moat er him dêr wikenlang op bêd hâlde, oant er safierhinne genêzen is dat er nei hûs kin. Foar it earst kin er syn oantinkens net ûntrinne troch him mei wat oars dwaande te hâlden. Oantrune troch guon lju om him hinne, lykas syn Amerikaanske freondinne Kathleen en de sirurch, Paul Russel, nimme syn oantinzen him mei werom nei de Twadde Wrâldoarloch, doe't er mei syn hiele mienskip deportearre waard nei de konsintraasjekampen. Fan syn hiele famylje en al syn freonen is hy de iennichste dy't de oarloch oerlibbe hat. Syn skuldgefoelens dêroer hawwe syn libben sûnt dy tiid behearske. Yn it sikehûs liket er foar it earst in beskaat ferwurkingsproses troch te meitsjen, al bliuwt dat ynkompleet, want neat kin him wer ta de jonge meitsje dy't er foar de oarloch wie.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Le Jour ferskynde yn 2002 ûnder de titel De Dei, yn in fertaling fan 'e hân fan Jacobus Knol te Dokkum. It waard mei stipe fan 'e provinsje Fryslân útjûn as ûnderdiel fan in omnibus, yn 'e mande mei twa oare, nau besibbe boeken fan Wiesel, De Nacht en De Dage, troch de Kristlik Fryske Folksbibleteek (nû. 423).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.