Springe nei ynhâld

Bullemûne

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Bullemole)
Bullemûne
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Lekkum
adres Kealledykje 7
koördinaten 53° 13' N 5° 50' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk Bemeallen fan Bulle- en Lutspolder
flecht 20,5 meter
boujier 1825
oare ynformaasje
eigner De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 24505
Webside
De Fryske Mole
Kaart
Bullemûne (Fryslân)
Bullemûne

De Bullemûne is in achtkante poldermole efkes ten easten fan Lekkum yn de gemeente Ljouwert.

Skiednis en beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bullemûne, in mealreeë muonts, dy't oan de Bonke stiet, waard yn 1825 boud foar it bemeallen fan de Bulle- en Lutspolder. Earder hie de mûne dyselde funksje foar de polder Lousmar by Tytsjerk, 8 km. súdliker. De Bullemûne soe syn namme ûntliene oan it berop fan ien fan syn eigeners, dy't boal fan Ljouwert wie. It wie ien fan de earste mûnen mei fokwjukken. De Bullemûne waard restaurearre yn 1968. De mole mei in flecht fan 20,50 m. is mealree yn sirkwy.

Yn 1971 gie de mûne oer nei wetterskip De Wâlden, dy't al sûnt 1969 ferantwurdlik wie foar it wetterpeil yn de Grutte Lekkumerpolder. De Bullemole krige doe in dieselynstallaasje en de kombinearre bemealling mei wyn wurke goed. Yn 1983 baarnde it mûndershúske derneist ôf.

Sûnt 1988 is de Bullemûne eigendom fan de Stifting De Fryske Mole, dy't him yn 1995 fannijs restaurearje liet troch molemakker Th. Jellema út Burdaard. Dêrby waarden ûnder mear de skroef en in roede, in lange sprút ferfongen en krige de mûne in nij kroasstek. Tsjintwurdich stiet de Bullemûne, dy't eartiids diel útmakke fan in iepen polderlânskip, oan de râne fan in nijbouwyk fan Ljouwert. De mûne is op ôfspraak te besichtigjen. Yn 2006 waard de Bullemûne troch it Wetterskip Fryslân oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.

Feroarjend mûnebiotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oanlis fan de wyk Blitsaert yn de Bullepolder yn 2008 behindere de wynfang en it sicht op de mûne. Mei de eastlike útwreiding fan Blitsaerd oant de Moark fanôf 2020 wurdt dat noch slimmer en rekket it monumint mei in fierder ferlies fan iepen polderlânskip in grut part fan syn lânskiplike wearde kwyt. Fanút it suden is de Bullemole dan net mear te sjen.[1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Boers, Erwin, Plannen flink gewijzigd: Blitsaert-Oost krijgt nieuwe brug over Bonke, Ljouwerter Krante, 30 jannewaris 2020