Springe nei ynhâld

Dave Kehr

Ut Wikipedy
Dave Kehr
persoanlike bysûnderheden
echte namme David Kehr
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1953
berteplak Oklahoma City (Oklahoma)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist, konservator
aktyf as filmkritikus, publisist
jierren aktyf 1974 – no
offisjele webside
Dave Kehr yn 'e IMDb

Dave Kehr (folút: David Kehr; Oklahoma City, 1953) is in Amerikaansk sjoernalist en publisist dy't bekendheid krige as filmkritikus by de Chicago Reader en de Chicago Tribune. Letter hied er in kollumn oer dvd-releases yn The New York Times. Noch wer letter waard Kehr oansteld as konservator fan 'e ôfdieling film fan it Museum of Modern Art (MoMA) yn New York.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kehr waard yn 1953 berne yn Oklahoma City. Hy genoat syn oplieding oan 'e Universiteit fan Chicago, dêr't er Ingelske taal- en letterkunde studearre. Yn dyselde snuorje learde er himsels Frânsk, sadat er de artikels oer films lêze koe yn beskate Frânsktalige tydskriften. Letter seid er dat er filmkeunst studearre hawwe soe as der yn syn tiid sa'n stúdzjerjochting bestien hie. Hy begûn artikels oer films te publisearjen yn The Maroon, de universiteitskrante, en wie foarsitter fan 'e studintefilmklub Doc Films.

Nei't er syn stúdzje ôfrûne hie, wurke Kehr fan 1974 ôf as sjoernalist foar de Chicago Reader, in alternative krante yn Chicago, dêr't er benammen as filmkritikus aktyf wie. Hy fêstige dêr in reputaasje foar selsstannich tinken en in begryp foar fisuele styl. Oant 1978 wied er ek as redakteur belutsen by de fraach- en antwurdkollumn fan The Chicago Reader, dy't as titel The Straight Dope hie.

Nei alve jier by de Chicago Reader stapte Kehr yn 1985 oer nei de mainstreamkrante de Chicago Tribune, dêr't er sân jier filmkritikus wie. Yn 1992 ferhuze er nei New York, dêr't er oant 1998 filmkritikus by de New York Daily News wie. Yn dy snuorje siet er yn 1995 yn 'e sjuery fan 'e 45e edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. Teffens wied er foarsitter fan it Amerikaanske Nasjonaal Genoatskip fan Filmkritisy (NSFC) en in lid fan 'e kommisje dy't oer it Nasjonaal Film Register fan 'e Library of Congress gie.

Fan 1999 ôf hie Kehr in wyklikse kollumn yn The New York Times, wêryn't er dvd-releases fan films behannele en út en troch ek resinsjes bydroech oer nije films of artikels oer yndividuele filmmakkers. Yn dyselde perioade ûnderhold er ek in eigen bloch mei resinsjes oer films. Hy ferliet The New York Times yn it neijier fan 2013 om adjunkt-konservator te wurden fan 'e ôfdieling film fan it prestizjeuze Museum of Modern Art (MoMA) yn New York. Fjouwer jier letter, yn 2017, krige er promoasje ta konservator. Datselde jiers waard Kehr troch it regear fan Frankryk ûnderskaat as ridder yn 'e Oarder fan 'e Keunsten en Letteren.

  • 2003 – Italian Film Posters
  • 2011 – When Movies Mattered: Reviews from a Transformative Decade

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.