Springe nei ynhâld

Darja Collin

Ut Wikipedy
Darja Collin
Reproduksje troch Winfried Walta, Blessum

Maria Louisa Frederika (Darja) Collin (Amsterdam[1], 19 novimber 1902 - Florâns, 6 maaie 1967) wie in Nederlânsk balletdûnseresse en -learares yn klassyk ballettechnyk.

Darja Collin wie in dochter fan fioelist Robert Johan Carl Collin (1863-1904) en Wilhelmina Frederika Christina van Dijk. Pake en beppe fan heitekant wiene dirigint Robert Collin en sjongster Anna Collin-Tobisch.

Collin wie yn de jierren '20 in ferneamd dûnseresse en hie bynammen sa as 'de Mata Hari fan de dûns' en 'moannegoadinne'. Dy lêste kaam fan de skilder Christiaan de Moor, ien fan in protte feinten fan har (û.o. ek de skriuwers A. den Doolaard en J.W.F. Werumeus Buning. Tagelyk hie hja ek in relaasje mei de dûnser Alexeï d’Ormesson. Collin wie fan 3 septimber 1930 oant en mei 30 april 1935 troud mei dichter Jan Jacob Slauerhoff. Se krigen in bern, mar dat stoar koart nei de berte al.

Collin har trochbrekken yn Nederlân wie yn 1928. Sy wie bekend as de earste aktrise mei 'stjer-allueres'.[2] Yn 1935 hie hja in gastoptreden yn de film Het mysterie van de Mondscheinsonate, in film dêr't sy yn te sjen wie as dûnspartner fan Egon Karter. Yn de jierren '30 hie Collin in dûnsskoalle yn De Haach; de iepening wie op 15 july 1933.

Jan Slauerhoff skreau it folgjende sonnet foar syn frou Darja Collin.[3]

Kon ik eenmaal toch...

Kon ik eenmaal toch jouw dans weergeven
In een van het woord bevrijd gedicht,
Eenmaal even vrij en lenig zweven
Als jij in de lucht en in het licht

Met je lichaam doet, dat toch niet even
Los van de aarde is als wat ik dicht,
Zich met moeite van de grond opricht,
Zwaarder dan mijn geest, en toch kan zweven.

Jij kunt met een wending, een gebaar
Woede,

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Volkskrant Keizerin Sisi in het Amstel Hotel
  2. Eva van Schaik. Op gespannen voet. Geschiedenis van de Nederlandse theaterdans
  3. gedichten.nl Tabblad: poezie (nr. 5230): Kon ik eenmaal toch.... Sjoen 17 augustus 2019.