Springe nei ynhâld

Chris de Moor

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Christiaan de Moor)
Chris de Moor
keunstner
Chris de Moor (1967)
Chris de Moor (1967)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Christiaan Nicolaas Everhardus (Chris) de Moor
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 5 febrewaris 1899
berteplak Rotterdam
stoarn 27 septimber 1981
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as Postsegelûntwerper,
Byldzjend keunstner
Raam yn de Antonius Abttsjerke yn Skeveningen

Christiaan Nicolaas Everhardus (Chris) de Moor (Rotterdam, 5 febrewaris 1899 - Amsterdam, 27 septimber 1981) wie in Nederlânsk keunstner.

De Moor folge earst lessen by de skilder August Willem van Voorden en syn efterneef Pieter Cornelis de Moor; dêrnei studearre er oan de Willem de Kooning Akademy yn Rotterdam by Alexander van Maasdijk.

Hy waard ûnderskieden mei it "Earediploma" foar weefde stoffen op de Wrâldtentoanstelling fan 1937 yn Parys. Fan 1946 oant en mei 1951 wie De Moor as learaar figuertekenjen ferbûn oan de Frije Akademy te De Haach en fan 1951 oant 1964 wie er estetysk adviseur by de PTT. Hy formulearre yn 1960 de 'tolve geboaden foar de postsegelûntwerper’ en ûntwurp sels ek ferskate postsegels. Hy die mei oan ferskate solo- en groepstentoanstellingen, û.m. yn it Gemeentemuseum De Haach (1967), Rotterdam Museum Boymans Van Beuningen en Amsterdam yn het Steedelik Museum (1962).

Fan 1956 ôf oan wie er ûnder oare lid fan de groep Verve, de Haachske Keunstrûnte en Pulchri Studio yn De Haach en sleat him yn 1965 oan by de keunstnersgroep Fugare (65-67). De Moor waard yn 1962 beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje Nassau. Yn 1963 wie die meioprjochter fan de groep 10 gouachisten.

De Moor wenne en wurke nei 1966 yn Italië, dêr't er bot ynspirearre waard troch it 16e-iuwske byldepark fan Bomarzo.

De Moor hat in leafdesrelaasje hân mei dûnseres Darja Collin, de lettere frou fan skriuwer en dichter Jan Slauerhoff.

Hy skildere, tekene en akwarellearre ûnder mear portretten, figueren, stillibbens en lânskippen. Ynearsten die er dat yn de styl fan it saaklik realisme, letter (nei 1945) mear yn de styl fan it abstrakt ekspresjonisme. Hy wurdt rekkene ta de Nije Haachske Skoalle. De Moor wie teffens ûntwerper fan wandkleden, muorreskilderingen en glês-in-leadramen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: