Springe nei ynhâld

Kolosseum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Colosseum)
It Kolosseum yn Rome
Lokaasje fan it Kolosseum (yn read)
Kolosseum sjoen fan de Palatyn ôf
Dwerstrochsneed tribunes
Kolosseum by nacht

It Flavysk Amfiteäter (Latyn: Amphitheatrum Flavium), better bekend as it Colosseum, boud yn de 1e iuw nei Kristus yn Rome, wie it grutste amfiteäter yn it Romeinske Ryk.

It Kolosseum waard boud troch de saneamde Flavyske keizers. Mei de bou waard úteinset ûnder it bewâld fan Fespasianus yn 72 en finansiere troch de oarlochsbút fan de plondering fan Jeruzalem yn 70. Nei de foltôging yn 80 waard it ynwijd troch Titus. De spullen by de iepening duorren 100 dagen. De dichter Martialis wijde der in bondeltsje fan 33 epigrammen oan. Titus syn opfolger Domitianus liet der noch in ferdjipping op sette, en ek in oantal gongen en fertrekken ûnder de arena, dy't no sichtber binne.
It waard boud op it plak dêr't it stagnum, in keunstmjittige mar, lei fan Nearo syn Domus Aurea. De Flavyske keizers besochten it ûnthâld oan de hate Nearo út te wiskjen en de geunst fan it folk werom te winnen. De bou fan it Kolosseum krekt op it plak fan it marke, dat men drûch witten hie te lizzen, paste yn dat stribjen. Boppedat sparre de kar foar dizze lokaasje in soad grûnferset, om’t it mânske bouwurk grouwélige fûneminten fereaske. De mar besloech mar leafst fiif fuotbalfjilden en waard drûchlein mei kanalen dy't nei de rivier de Tiber rûnen (krekt ûnder Rome).

Fespasianus syn amfiteater wie it ferneamdste yn de Romeinske wrâld. It waard bekend as Amfitheatrum Flavium - ôflaat fan Flavius, de famyljenamme fan Fespasianus, Titus en Domitianus. Tsjintwurdich is it teater better bekend as Kolosseum. Nei alle gedachten ûntliende it syn hjoeddeiske namme oan it mear as 35 meter hege byld, de Kolossus fan Nearo, dat neist it amfiteater stie, en net op de ôfmjittings fan it gebou, sa't ek faak beweard wurdt.

Ofmjitting en foarm

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It elliptyske grûnflak mjit (oer de assen metten) 188 by 156 meter, hat in omtrek fan 527 m. De hichte fan de gevel is 48,50 meter. De bûtenmuorre hat trije rigen fan 80 bôgen, dy't hieltiten skaat wurde troch healpylders, ûnder mei Doryske, yn de midden mei Ioanyske en boppe mei Korintyske kapitelen. Ek de boppeferdjipping (dy't meast ticht is) hat Korintyske pilasters. Der wienen 76 yngongen dy't nûmere wienen mei Romeinske sifers (boppe de yngongen XXIII-LIV binne de nûmers noch te sjen).

It Kolosseum is boud út beton, dowe- en bakstien, mar foar de fasade en pylders is gebrûk makke fan grutte mannichten travertyn, dat fia in spesjaal oanleine wei oanfierd waard út de heuvels by Tivoly. Izer waard brûkt om de stienen oan elkoar fêst te meitsjen. In grut oantal sitplakken, muorrebeklaaiïngen en ornaminten wie fan moarmer. De 1e rige bôgen is foaral oplutsen út kalkstien. Foar de 2e en 3e rige bôgen binne reade bakstiennen (ek wol terrakotta) en beton (ek wol opus signinum) brûkt. Dat wie lichter en dêrtroch wie de kâns op ynstoarten lytser. It foardiel fan it brûken fan bôgen is dat de krêft nei de pylders drukt wurdt. En meidat de bôge iepen is, hoecht der minder stien brûkt te wurden, wat wer skilt yn gewicht. In oar foardiel fan bôgen is dat se allegear lyk binne. Dêrtroch koenen net-oplate arbeiders ynset wurde.

De sitromte (cavea) joech plak oan mear as 50.000 taskôgers. Dy wie yndield yn fjouwer galerijen. Foar de keizer wie der in aparte lôzje oan ien fan de lange kanten fan de arena mei in eigen yngong. Oan de oare side wie de lôzje foar de keizerinne, de Vestaalske fammen en de magistraten. De senators hienen moarmeren sitplakken daliks oan de arena. Oare manlju sieten neigeraden harren sosjale posysje flakby de arena of fierder fuort. Op de fjirde galerij sieten de froulju fan senators en ridders. De arena, dy't troch in muorre fan 4 meter heech fan it taskôgersgedielte skieden wie, mjit 76 by 44 meter, en wie fold mei giel sân. Oan de úteinen fan de lingteas wiene twa artysteyngongen.

It Kolosseum koe ôfdutsen wurde mei in kanvas sinneskerm: it velarium. Dat skerm waard oplutsen mei kabels dy't oanlutsen waarden fan bûten it Kolosseum oer 240 mêsten. Dy mêsten stutsen troch gatten yn de kroanlist yn in útstekkende stienen bak. Foar it oplûken fan it velarium wie in rezjimint matroazen yn Rome oanwêzich. Nei skatting wienen der wol 1.000 man nedich om it skerm op te lûken. Op it plein bûten it Kolosseum steane noch inkelde stiennen mei gatten dêr't de keabels oan fêstmakke waarden, hoewol't ek tocht wurdt dat dy stiennen brûkt waarden as driuwstekken.

Letter is hjir noch in hypogeum byboud: it ûndergrûnske labyrint. Dêr wienen 60 fallûken en 30 liften. Troch de lûken en liften koenen bygelyks tigers nei de arena begelaat wurde.

Tichteby it Kolosseum wienen fjouwer gladiatorskoallen. Foar de bestiarii wie der de Ludus Matutinus, sa neamd omdat de wylde-bistegefjochten moarns barden, en foar de 'echte' gladiatoaren wienen der de Ludus Gallicus, de Ludus Dacicus en de Ludus Magnus. De lêste lei it tichtst by it Kolosseum en wie der troch in ûndergrûnske gong mei ferbûn. In diel derfan is troch opgravings east fan it Kolosseum bleatlein.

It Kolosseum wie hielendal bedoeld foar de spullen dy't organisearre en betelle waarden troch de hearskjende keizer. By de iepening organisearre Titus spullen dy't 100 dagen duorren. Neffens de oerlevering wienen der neist in soad gladiatoaregefjochten de bjusterbaarlikste skouspullen te sjen. Sa wie der in gefjocht tusken Kraanfûgels en in gefjocht tusken fjouwer oaljefanten. Njoggentûzen nuete en wylde bisten waarden ôfslachte. Ek froulju treden op as wylde-bistefjochters.

By normale spullen yn it Kolosseum waarden moarns wylde-bistegefjochten hâlden wêrby't bestiarii (wylde-bistefjochters) fochten mei alderlei wylde bisten yn venationes (jachtpartijen). De arena waard op passende wize ynrjochte mei rotspartijen, strewellen en sa. Tusken de middei wie der foar ynteressearren in pauzeprogramma wêryn feroardiele finzenen foar de wylde bisten smiten waarden. Yn de lettere Aldheid waarden benammen in protte kristenen ta de wylde bisten feroardiele (damnatio ad bestias). It middeisprogram mei de gladiatorshows (munera) foarme it hichtepunt.

Koart nei de iepening waarden neffens de oerlevering ek naumachiae (seeslaggen) holden. Neidat se de arena mei miljoenen liters wetter folrinne litten hienen, waarden ferneamde seeslaggen út de skiednis neispile. Hoe't dat krekt dien waard is net dúdlik, omdat de arena fan it Kolosseum einliks te lyts is foar oarlochsskippen. Der waard op 't lêst mei opholden nei de ferbouwing troch Domitianus, doe't twa ferdjippings ûnder de arena oanlein waarden. Oare boarnen melde dat de seeslaggen grif in fersin binne fan de histoarikus Kassius Dio. Hy skreau yn de 4e iuw hoe't 150 jier earder seeslaggen neispile waarden yn in ûnder wetter setten arena. De seeslaggen barden grif yn Naumachia fan Augustus, in mei wetter folle arena oan de oare kante yn Trastevere.

Mei de opkomst fan it Kristendom ûntstie der mear en mear ferset tsjin de spullen. In inkelde keizer, lykas Markus Aurelius, wie al tsjin de gladiatoaregefjochten, mar hy koe se troch de grutte populariteit ûnder it gewoane folk net samar ôfskaffe. De gladiatoaregefjochten waarden ôfskaft neidat it Kristendom ta steatsgodstsjinst ferheft waard. De kristlike keizer Honorius ferbea de spullen yn 404 neidat in muonts, dy't by in striid tusken gladiatoaren tuskenbeide komme woe, troch it publyk ferskuord wie. It Kolosseum bleau dêrnei noch wol yn gebrûk foar oare foarstellings, benammen venationes, wêrby't op wylde bisten jage waard. De lêst bekende foarstelling waard holden yn 523.

Skiedkundigen hawwe rûsd dat yn de rin fan de iuwen tusken de 300.000 en 500.000 minsken yn it Kolosseum stoarn binne.

Fierdere skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Kolosseum hie te lijen ûnder ferskillende natuerrampen. In bliksemynslach yn 217 skansearre it Kolosseum sá dat der fiif jier lang gjin spullen organisearre wurde koenen. Mear as ien ierdskodding brocht grutte skea ta oan it gebou, mar salang't it gebou yn gebrûk wie, waard dat alle kearen reparearre troch de Romeinen en letter troch de Ostrogoaten. Yn de midsiuwen folgen twa grutte ierdskoddings yn 847 en 1349, dy't it Kolosseum fierder ferwoasten. Yn de 12e iuw waard de ruïne fan it amfiteäter omboud ta fort fan de famylje Frangipani. De wichtichste Romeinske famyljes, dêr't fakentiden ek de paus út fuortkaam, beskôgen it Kolosseum as in groeve dêr't ienfâldich boumateriaal weihelle wurde koe foar harren nij te bouwen tsjerken en paleizen. Sa waard alle moarmer weihelle en op 'e nij brûkt yn nije gebouwen of simpelwei ferbaarnd om oan kalk te kommen. It izer dêr't de blokken stien en moarmer mei fêstsetten waarden wie ek yn trek. Oan dy plondering kaam pas in ein yn 1749 doe't Paus Benediktus XIV de histoaryske wearde fan it Kolosseum ynseach en it fierdere brûken as stiengroeve ferbea. Hy wijde it Kolosseum as tsjerke, ta oantins fan de lijenswei fan Kristus en boude dêr in krúswei yn. De grûn fan it amfiteäter waard as hillich beskôge fanwege it bloed fan de kristlike martelers dat dêr fergetten waard. Dat nettsjinsteande it feit dat de measte Kristenen grif deamakke waarden yn it Sirkus Maksimus. Lettere pausen lieten it Kolosseum noch fierder restaurearje en archeologysk ûndersykje.

Hoewol't it Kolosseum net mear de oarspronklike ôfmjittings hat, is it noch altiten in ymposant bouwurk en lûkt it alle dagen tûzenen toeristen. Yn de moderne tiid is in part fan de houten arenaflier wer oanbrocht.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Colosseum fan Wikimedia Commons.