Honoarius
Honoarius (Latyn: Flavius Honorius; 9 septimber 384 – 15 augustus 423) wie Romeinske keizer fan 393 oant 423. Hy wie de jongste soan fan Teodoasius de Grutte en de broer fan keizer Arkadius fan it easten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Honoarius wie noch mar in jonge fan 12 jier doe't er ta keizer beneamd waard. Twa jier letter moast hy trouwe mei Maria, de dochter fan syn regint Flavius Stilicho. Letter, yn 408, troude er op 'e nij, doe mei Termantia, in oare dochter fan Stilicho. Syn regint hie ûnder syn bewâld in soad te dwaan mei ynfallende Germaanske stammen. Benammen Itaalje waard hieltyd bedrige troch de Fisigoaten, ûnder lieding fan kening Alarik, en fan oare folken. Stilicho hie net genôach troepen om Itaalje goed beskermen te kinnen en ûntluts in soad soldaten oan de provinsjes Galje en Brittanje, wêrtroch de Ryn-grins net mear goed beweitsje wie. Op it ein fan 406 late dat ta de Slach by Mainz, wêrtroch in alliânsje fan Germaanske folken de Ryn passeare en Galje ynteagen.
Yn 408 besleat Honoarius syn oerbefelhawwer Stilicho op beskuldiging fan heegferried út de wei te romjen. Mar dêrtroch ferswakke hy syn posysje en dy fan it Romeinske Ryk, want Stilicho wie wol kundich. De Fisigoaten krigen frij spul en koene de haadstêd Rome yn 410 oermasterje en plonderje. Syn nije magister militum waard lang om let Konstantius III, dy't letter as ko-keizer mei him de troan dielde. Konstantius III die wat er koe om de skea te beheinen, mar sa't letter bliken die, wie it net genôch. De tsjinkeizer Konstantyn III waard ferslein en ek noch in oare usurpator Heraklianus en mei ynfallen fan folken as de Bourgonden, Fandalen, Sueben en Alanen waarden bûnmaatskippen sletten. Mar mei de Fisigoaten hienen hja in grut probleem. Dy hiene nammentlik har eigen ryk stifte yn Súd-Galje mei Priskus Attalus as keizer. Sy hiene in healsuster fan Honoarius Galla Plasidia finzennommen en twongen ta in houlik mei harren kening Athaulf. Mar nei syn dea yn 415 koenen de Romeinen in ferdrach slute en kaam Galla Plasidia frij. Sy soe letter trouwe mei Konstantius III en him in soan jaan dy't keizer Honoarius syn opfolger wurde soe: Falentinianus III. Konstantius stoar yn 421 en Honoarius krige problemen mei syn healsuster. Sy flechtte mei har soan nei Konstantinopel.
Honoarius stoar berneleas yn 423. Syn primiserius notariorum, Iohannes, waard ta syn opfolger beneamd. Yn 425 waard dy lykwols ferdreaun troch de eastlike troepen, wêrnei Falentinianus III keizer fan it westen waard.