Slach by Mainz
De slach by Mainz wie op 31 desimber 406 tusken de Ripuariske Franken en in alliânsje fan Fandalen, Sueben en Alanen. De Franken ferlearen de slach en de oerwinners koenen sûnder fierdere tsjinstân it Romeinske Ryk ynfalle. It barde yn de Grutte Folkeferfarren soe grutte gefolgen krije.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de komst fan de Hunnen hienen Fandalen, Sueben en Alanen harren wenplaken ferlitten swalken troch Germaanje, it lân benoarden de Donau en eastlik fan de Ryn. Yn Súd-Dútslân kamen sy inoar tsjin en sleaten har oanien. Se besleaten it Romeinske Ryk yn te lûken, wêr't it Romeinske grinsleger al fiif jier wei wie.
Yn desimber 406 kaam dizze alliânsje fan Germaanse folken op de rjochterigge fan de Ryn, likernôch tsjinoer Mainz. Hjir wienen gjin Limitanei, allinnich Frankyske foederaty dy't lykwols fêst fan doel wienen om de nijkommers op te kearen. De slach dy't doe losbarste like yn it earstoan út ta pakken yn it foardiel fan de Franken, doe't de Alanen it ûnderling ûniens waarden oer de te folgjen koers en in part fan de Alanen, laat troch harren oanfierder Goar nei de oare kant oerrûn. Dan falt de Fandaalse kening Godegisel as gefolch fan in Frankyske oanfal. Mei help fan it oare part fan de Alanen, laat troch Respendial slagge hy deryn de slach te kanteljen yn it foardiel fan de Germaanske alliânsje. Dernei koenen de oerwinners op âldjiersdei 406, de wierskynlik tichtferzen Ryn oerstekke en Galje yntrekke.
Gefolgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As gefolch fan dizze ynvaazje kaam it Romeinske leger yn Grut-Brittanje ûnder oanfiering fan Konstantyn III yn opstân en stuts oer nei Galje. Dizze komst soe der ta liede dat de Germaanske alliânsje útwykte nei it suden ta en yn 409 Spanje ynluts. It Romeinske leger lykwols wie net krêftdiedich om se te kearen. De oan it Romeinske Ryk ferbûne foederaty lykas de Salyske Franken, Boergonden en Allemannen dy't de ynkommende folken gjin help jûn hienen, mar ek net opkeard hienen, soenen har yn it gebiet efter harren fêstigje en dermei harren oanwêzigens yn Galje útwreidzje.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ferdinand Lot - De Germaansche invasies. De versmelting van de Barbaarsche en Romeinsche wereld, Den Haach, 1939, side 82-83.