Godegisel

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Godigisel (359 - 406) wie kening fan de Fandaalske Asdingen. Hy is foaral bekend wurden as de heit fan Geiserik, dy't in krêftich keninkryk stifte yn Afrika.

Fandalen ferlitte Pannoanje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under gesach fan Godigisel wennen de Asdingen yn de Romeinske provinsje Pannoanje as foederaty (grinstroepen) fan de Romeinen. Yn 400 of 401, fermoedlik as gefolch fan ynfallen troch Hunnen, besleat Godigisel it sechstich jier âlde ferdrach mei de Romeinen op te sizzen en mei it folk nei it westen te lûken. De oanswettend wenjende Asdingen gongen mei harren mei. De Romeinske generaal Stilicho fierde wiidweidich kampagne tsjin de opstannelings en fersloech Godigisel yn Raety yn 401, wêrnei't hy mei syn folk en beselskippe Alanen fierder noardwearts lutsen. Sy kamen oan yn it tsjintwurdige Súd-Dútslan en troffen dêr oare Germaanske folken dy't op drift wienen, de besibbe Silingen en de Sueven.

Trek troch Galje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tegearre mei de Silingen, Sueven en Alanen liede Godigisel yn 406 syn folk de Ryn-grins oer it Romeinske Ryk yn. Foarôfgeand oan de trek fûn by Mainz in fjildslach plak dêr't Godegisel by sneuvele. Hy waard opfolge troch syn âldste soan Gunderik, dy't it folk troch Galje nei Spanje liede soe.

Literateur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hermann Schreiber, De Vandalen, Zegetocht en ondergang van een Germaans volk, Amsterdam 1979, siden 60,62-63, 72.

Boarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]