Konstantius III

Ut Wikipedy

Flavius Constantius, bekend as Konstantius III, (? - 2 septimber 421) wie Romeinske keizer fan 8 febrewaris oant 2 septimber 421 tegearre mei syn sweager Flavius Honorius. Hjiroan foarôfgeand wie hy magister militum fan it leger.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In Solidus fan Konstantius III

Konstantsius waard berne yn Naissus, tsjintwurdich Niš. Hy wie soldaat en makke yn it leger stadichoan opgong. Yn 411 waard hy Magister militum fan it West-Romeinske leger. Op dizze posysje hie hy in soad macht oer it West-Romeinske Ryk. As oerbefelhawwer liet Konstantius in oantal súksesfolle fjildtochten tsjin de talrike en sterke fijannen fan Rome, wêrûnder in oantal usurpators, lykas Konstantyn III dy't hy fersloech yn de slach by Arles.

Yn 417 troude hy mei Galla Placidia, de suster fan Honoarius. Se krigen twa bern: Falentinianus, dy't letter keizer waard, en Iusta Grata Honoria. Yn 421 waard hy ta mei-keizer beneamd troch Honorius. Mar hy waard as sadanich troch Theodosius II, de keizer fan it East-Romeinske ryk net erkend. Guon tinke dat Konstantius hjir nogal lulk oer wie en fan plan wie om tsjin Theodosius yn it easten op te lûken. Hjir kaam útein neat fan op 'e hispel, omdat Konstantius syn sûnens hurd efterút gie nei noch gjin 7 moanne keizerskip. Hy stoar op 2 septimber 421.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]