Springe nei ynhâld

Alarik I

Ut Wikipedy
De ynname fan Rome yn 410.

Alarik I (Peuke, 370 - Konsenza, 410) wie kening fan de Fisigoaten tusken 395 en 410. Yn de funksje fan generaal tsjinne hy yn it Romeinske leger, letter kearde hy him tsjin it Romeinske Ryk. Oan de delgong fan dit ryk hat syn optreden yn de skiednis ek meidien. Hy wie de earste Germaanske leider dy't Rome ynnaam.

Alarik stamme ôf fan in âld Fisigoatysk keningslaach, de Balten en waard berne op it eilân Peuke oan de mûning fan de Donau.[1] Doe't syn folk de súdlike grinzen fan it Romeinske ryk oerstutsen wie hy in jier of fyftjin âld. Hy die op jonge leeftyd al mei oan de striid tsjin de Romeinen, û.o. yn de Slach by Adrianopel en de gefjochten dêrnei.

Under keizer Teodosius de Grutte makke hy opgong yn it Romeinske leger. Yn 394 stried er tsjin de usupator Eugenius dy't yn de slach oan de Frigidus ferslein waard. Doe't yn jannewaris 395 Teodosius kaam te stjerren, hie syn oerbefelhawwer en plakferfanger regint Stilicho, lykwols de Fisigoaten fan Alarik net nedich en stjoerde se fuort nei harren wengebieten yn Moesja. Dat wie Alarik net nei it sin, omdat er sels ferwachte hie in hege posysje te krijen. Ynstee fan him fuort stjoere te litten kaam er mei syn folk yn opstân sa gau de situaasje dêr ree foar wie. De Fisigoaten keazen Alarik ta kening, wêrtroch hy sûnt de delgong fan it eardere keninkryk yn Roemeenje de earste offisjele kening waard dy’t troch alle stammen folge wurde soe.

De opstân tsjin de Romeinen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dy tiid kaam al gau doe't Stilicho mei syn leger op wei wie nei harren Italjaanske garnizoenspleatsen en de jonge keizer fan it Easten Arkadius ûnder it plak kaam fan syn riedshear Eutropius. Hiel ienfâldich koe Alarik Grikelân ynfalle en plonderje. Dêrby ûnderfûn hy gjin inkeld ferwar. Sa gau at er him mei it leger sjen liet, woene de stêden ûnderhandelje en kochten him ôf.

Yn 397 kaam Stilicho it easten te help. Hy sette syn leger mei skippen oer nei Korinte en hie it plonderjende Fisigoatyske leger fuort yn 'e knipe. Alarik siet yn de tange en moast him oerjaan. Brûk makkend fan de situaasje krong er by keizer Arkadius oan, Eutropius hinne te stjoeren en himsels as riedsman te nimmen. Doe't Arkadius syn foarstel ôfwiisde, keas Stilicho de fersleine Alarik as bûnsmaat.

De fjildslaggen yn Itaalje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In skoftlang hâlde Alarik him katoen. Mar doe't Eutropius yn it geheim kontakt mei him socht liet er him oerhelje mei syn hiele folk nei it westen te lûken. Yn 401 doe't it leger fan Stilicho op fjildtocht wie oan de Limes yn Pannoanje seach Alarik kâns Itaalje yn te fallen. Sûnder wjerstan koe hy oplûke en de stêd Milaan omsingele de residinsje fan de Keizer.

Stilicho makke in ein oan syn fjildtocht en fersterke it leger mei kontinginten út Galje en Brittanje. Milaan waard ûntset en op 6 april 402 troffen it Romeinske en Fisigoatyske leger inoar by Pollentia. Alarik ferlear de slach en moast him werom lûke nei de bergen fan Noricum en eastlik Raetia. Mar noch gjin jier letter hie Alarik syn leger alwer sadanich op sterkte dat er yn de simmer fan 403, wer in ynfal weage yn Itaalje. Krekt as foarhinne moete er it Romeinske leger fan Stilicho. Diskear fûn by Ferona en op 'e nij waard hy troch syn tsjinstanner ferslein. Mar ek diskear krige hy in frije ôftocht.

In ferklearring foar de riedselseleftige hâlding fan Stilicho mei de Fisigoaten moat sjoen wurde yn de plannen dy't hy hie mei Alarik. Stilicho, dy't sels in Fandaaal wie, seach yn opstannige Fisigoat in bûnsmaat yn syn moedsume relaasje mei de Romeinen. Yn dy tiid wie der in sterke nasjonale streaming yn it Romeinske Ryk tsjin Germanen dy't hege funskjes beklaaiden.

It belis fan Rome

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alarik wurdt begroeven yn de bedding fan de Busento

Yn 408 waard Stilicho, de grutte tsjinstanner fan Alarik, troch Romeinen fermoarde en ûntstie der rebûlje troch it leger yn Itaalje. Alarik makke op snoade wize gebrûk fan de situaasje en luts foar de tredde kear Itaalje yn. Noch itselde jier stie hy foar de poarten fan Rome. Foar in protte jild liet er him ôfskypje, mar hy kaam lykwols yn 410 werom en diskear oermastere hy de stêd. Syn leger sette it op in plonderjen. En dat wie foar it earst sûnt de Gallyske ynfal yn 390 f.Kr.

Dea en opfolging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neidat er Rome plondere hie luts Alarik nei it suden fan Itaalje. Der hie hy te krijen mei fiedselkrapte en makke by de stêd Konsenza tariedings om mei it hiele folk oer te stekken nei Afrika. Mar noch foar dit plan útfierd wurde koe, kaam er te ferstjerren. Alarik waard begroeven yn in rivierbêding fan de Busento. Soldaten ferleinen de rin fan de rivier foar even, sadat syn lichem yn de drûchlizzende bêding begroeven wurde koe. Alarik waard opfolge troch syn sweager Ataulf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Hermann Schreiber, De Goten, Vorsten en vazallen, (1979).

Fuotnoat:

  1. H. Schreiber (1979), De Goten, Vorsten en vazallen, side 132.

Keppeling om utens: