Clara Rullmann
Clara Rullmann (Hallum, 1961) is in pianist, koardirigint, arranzjeur, komponist, coach en songwriter út Ingelum. Sjongt en spilet neist piano en toetseboerd by artysten as Rients Gratama en Gerrit Breteler. Docht Muzykekspresje foar minsken mei in beheining en is dosint by projekten yn basis- en fuortset ûnderwiis. As koördinator en coach jout se workshops foar ûnderwiis en bedriuwslibben. Sa is se bygelyks sjuerylid Bernesjongfestival.
As dochter fan in dûmny groeide se op yn Hallum, yn 1978 ferhuze se nei Ljouwert. Gie fan 1980-1986 nei it konservatoarium yn Ljouwert mei as haadfakken piano en skoalmuzyk. Byfakken wiene sang en dwersfluit. Tusken 1986-1996 hie se in privee-praktyk foar pianolessen. Yn 1992 ferskynde fan har en sjonger Andries Kobus in CD mei Fryske lietsjes. Yn 1991 waard se dosinte oan it Sintrum foar de Keunsten a7 op It Hearrenfean en soe dit oant 2009 dwaan bliuwe. Ek coaching, workshops en de muzykekspresje hearden ta har wurk. Dêrnei rjochte se har hielendal op it spyljen en skriuwen fan muzyk.
Wurke mei oan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teater
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1991 - 1992: Kabaretselskip Twirre en Kinders Hoogenoodt
- 1990 - 2010: Iepenloftspul Jorwert as muzikaal lieder, komponist, arranzjeur en vocal coach. Belutsen by produksjes as My fair Lady, Anatevka, Oliver, Zorba de Griek, Dreigroschenoper en Kabaret. Troch de jierren mei meiwurking fan ûnder mear Nynke Laverman, Sietze Pruiksma, Tineke Postma, Peter van der Zwaag, Hubert Heeringa en regisseur Romke Toering.
- 2000: Oliver (bernemusical)
- 2002: Noardlik Krystsirkus Ljouwert (toetsenist)
- 2003 - 2004: Alleen op de Wereld, teatertour mei orkest fan Peter van der Zwaag.
- 2009: Cirque d'Hiver Roermond (toetsenist)
- 2010: Frij foarstelling oer fijheid en gearhing fan saken
Artysten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2002: Hessel van der Wal
- 2005: Robert Long
- 2005 - 2007: Tom Parker and the New London Chorale
- 2008 - 2010: Willeke Alberti, teatertoer, ferskate festivals en fersoargingstehuzen
- 2009 - no: Rients Gratama. Optredens as Nijjiersshou yn It Posthús Teater en de jubileumdei fan de Feriening Fryske Alevestêden.
- 2010: Scrooge op de Fok, jubileumfoarstelling fan it Posthuisteater skreaun en spile troch Rients Gratama (mei fierder u.o. Freark Smink en Maaike Schuurmans).
- 2010 - no: Gerrit Breteler piano, toetsen, akkordeon en vocals
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2001 - 2002: Fryske Stjerrejûn
- 2004: De Kameleon ontvoerd (teaterfoarstelling)
- 2005: Appeltsje ete (125 jier Jorritsma Bouw)
- 2006: 125 jaar Druk (jubileumfoarstelling drukkerij Van der Eems)
- 2006: Friesland Vaart
- 2008: Oer de Seedyk, in Frysk teatraal requiem fan Gerrit Breteler.
- 2008 - no: Omrop Fryslân. Makke komposysjes, arranzjeminten, lietteksten en vocal coaching foar it berneprogramma WitWat en it Boskwyfke.
- 2007 - 2009: Iepenloftspul Jorwert komposysjes en arranzjeminten foar In Dûbele Nelson (2007), Jou my wjukken (2008), Tuskentiid (2009)
- 2006 en 2009: Binnenloftspul Weidum, komposysjes en arranzjeminten foar Ferlet (2006) en Hotel de Botel (2009)
- 2009: De club fan Sinteklaas
- Baas boppe Baas (revu mei Meriyem Manders en Rense Westra)
- Beant Baas for President (revu, 2010)
- 2010: SSIL (nij Ljouwerter Sinteklaasliet)
Utjeftes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1998 - Handig begin en Handig Vervolg (spylstikjes foar jonge pianisten, 1998)
- 1998 - Vierhandig
- 2003 - Tomke Winterboek
- 2005 - Noömi (komposysjes)
- 2006 - Toets & Spel (meardielige pianometoade mei dvd en cd)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |