Clara Morgane

Ut Wikipedy
Clara Morgane
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Emmanuelle Aurélie Munos
nasjonaliteit Frânsk
berne 25 jannewaris 1981
berteplak Marseille (Frankryk)
etnisiteit Oksitaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20002004
offisjele webside
www.claramorgane.com

Clara Morgane (Marseille, 25 jannewaris 1981) is de artistenamme fan de Frânske sjongster en presintatrise Emmanuelle Aurélie Munos.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Morgane waard op har tolfde al fotomodel. Letter posearre se neaken foar ûnder oaren FHM, de Playboy en Maxim. Yn maaie 2002 stie se yn de Penthouse en wie se de Penthouse Pet fan 'e moanne. Op har njoggentjinde, yn 2000, sette se útein mei in karriêre as aktrise yn soft-eroatyske en pornofilms, dy't se lykwols yn 2004 beëinige.

Morgane brocht yn 2007 har debút-cd DéCLARAtions út, mei nûmers dy't hja sels skreaun hie en song. Teffens wie sy fan 2001 oant en mei 2008 presintatrise by de stjoerder Canal+. Hoewol't Morgane tsjintwurdich net mear aktyf meiwurket oan 'e produksje fan eroatyske films, hat it mêd har omtinken noch wol. Fierders skriuwt hja kollumns dêr't se seksuële rie yn jout, en ek hat se de linzjerymerken Clara M. en Shocking Princess oprjochte. Yn 2003 ferskynde har autobiografy, mei de titel Sex Star.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2001: La Collectionneuse
  • 2001: Les Dessous de Clara Morgane
  • 2001: Max 2
  • 2001: Projet X
  • 2002: La Dernière fille)
  • 2002: La Cambrioleuse
  • 2002: Le Journal de Pauline
  • 2002: La Candidate
  • 2002: Luxure
  • 2002: Perverse Léa
  • 2003: Manuela ou L'impossible plaisir
  • 2003: La Sulfureuse
  • 2003: Snowboarder
  • 2003: Laure ou Une sensuelle rencontre

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2007: DéCLARAtions
  • 2010: Nuits Blanches

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2007: J'aime (Duet mei Lord Kossity)
  • 2007: Sexy Girl
  • 2008: Andy

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2001 Hot d'Or wûn bêste Frânske nije aktrise n.f.t.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References, op dizze side.