Christgen Wolf

Ut Wikipedy
Christgen Wolf
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Christian Wolf, Christian Wolfe,
Christina Wolf, Christgen
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne ±1970
berteplak ? (Feriene Steaten)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19952007
offisjele webside
gjint

Christgen Wolf, echte namme ûnbekend (±1970), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Christian Wolf, Christian Wolfe, Christina Wolf en Christgen. Hja sette yn 1995 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2007 beëinige Wolf har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wolf waard om 1970 hinne berne en sette yn 1995, doe't se omtrint 25 jier wie, útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se dêrby yn krapoan njoggentich pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Vivid Entertainment, Elegant Angel, Sin City en VCA Pictures. Teffens wurke se wol foar minder bekende studio's, lykas Metro, Leisure Time Entertainment, Extreme Associates, Legend Video en Coast to Coast Video. Njonken har aktearwurk wie Wolf ek aktyf as neakenmodel. Yn 2007 loek hja har út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Christgen Wolf is blank en hat blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se mar 1.52 m lang, mei in gewicht fan 48 kg. Hja hat kupmaat 36DD, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. Wolf hat piercings troch har nâle en klitoris en in Monroe-piercing rjochts troch har boppelippe. Fierders hat se ek ferskate tatoeaazjes, wêrûnder in lynks mei tekst op har lofterstút; in sinne op har lofterskouderblêd, in flinter boppe har skamstreek, in linte om har rjochterboppeskonk mei in strik oan 'e efterkant; bannen om beide ankels; in floral om har rjochterboppe-earm hinne; it symboal foar it stjerrebyld Raam op har ûnderrêch; en lytsere tatoeaazjes op har lofterfoet en de efterkant fan har lofterboppeskonk.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: