Cheerleading

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Leden fan in cheerleadingtiim fan 'e middelbere skoalle.

Cheerleading is in yn 'e Feriene Steaten ûntstiene fysike aktiviteit wêrby't sporttiims oanmoedige wurde troch groepen dûnsers dy't goreografearre bewegings meitsje, slogans skandearje en faak yn it skoft ek akrobatyske oefenings útfiere ta fermaak fan it publyk. Cheerleadingtiims binne gauris ferbûn oan in middelbere skoalle of universiteit, mar ek profesjonele sporttiims (benammen op it mêd fan it Amerikaansk fuotbal) hawwe yn 'e regel harren eigen cheerleadingtiims. Dielnimmers oan cheerleading, de saneamde cheerleaders, binne tsjintwurdich oer it algemien famkes of froulju. Sokken ken men werom oan in unifoarm besteande út in mouleas topke en in ploaid minyrokje yn 'e kleuren fan it sporttiim dat se oanmoedigje, wylst se faak saneamde pom-poms yn 'e hannen hâlde om mei te skodzjen en te swaaien.

Cheerleading begûn yn 1877, en wie lang in ferskynsel dêr't útslutend jonges en manlju oan diene. Pas yn 1923 wie de Universiteit fan Minnesota de earste Amerikaanske ynstelling foar heger ûnderwiis dy't famkes taliet ta syn cheerleadingtiim. Hjoed de dei wurdt cheerleading almeast sjoen as wat typysk frouliks, en wurde jonges of manlju dy't deroan dogge faak net alhiel foar fol oansjoen. Yn 1950 waard de earste organisaasje foar profesjoneel cheerleading oprjochte. Tsjintwurdich wurdt cheerleading, fral yn 'e Feriene Steaten, beskôge as in sport op himsels.

Yn 'e Feriene Steaten heart cheerleading ta de mainstream-kultuer en binne populêre famkes op 'e middelbere skoalle lid fan it cheerleadingtiim, krekt sa't de populêre jonges lid binne fan ien fan 'e sporttiims fan 'e skoalle. Bûten de Feriene Steaten is cheerleading in marzjinaal maatskiplik ferskynsel, dat lykwols yn 2007 dochs troch nei skatting yn totaal 100.000 dielnimmers beoefene waard yn Austraalje, Dútslân, Finlân, Frankryk, Grut-Brittanje, Japan, Nederlân, Nij-Seelân, Kanada, Kolombia en Sina. Fral troch de populêre Amerikaanske spylfilm Bring It On, út 2000, oer in cheerleadingtiim dat meidocht oan in profesjonele kompetysje, hat it cheerleaden bûten de Feriene Steaten in flinke ympuls krigen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.