Springe nei ynhâld

Charles Waterton

Ut Wikipedy
Charles Waterton
Charles Waterton Charles Wilson Peale, 1824, National Gallery, Londen
Charles Waterton
Charles Wilson Peale, 1824, National Gallery, Londen
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Britsk
berne 3 juny, 1782
berteplak ûnder Wakefield
stoarn 27 maaie 1865
stjerplak Wakefield
wurkpaad
berop/amt grûnbesitter
aktyf as natuerûndersiker
reden
  bekendheid
miljeubeskerming, ûntdekkingsreizger, eksintrisiteit

Squire Charles Waterton Walton Hall by Wakefield, 3 juny, 1782 - Walton Hall, 27 maaie 1865) wie in Ingelsk natuerûndersiker en ûntdekkingsreizger. Hy stie bekend as tige eksintryk.

Hy wie in soan fan Thomas Waterton en Anne Bedingfield. Op 11 maaie 1829, doe wie er 47 jier, troude er mei de 17-jierrige Anne Edmonstone. Anne wie de pakesizzer fan in Arawak yndiaan en Skotske hege adel. "Syn frou stoar koart nei de berte fan harren soan Edmund. Sy wie noch mar 18. Nei har dea sliepte er op de flier mei in blok hout as kessen" [1]

Waterton wie ien fan de earsten dy't him bekroade om fersmoarging fan de omwrâld troch fabriken. Hy hat jierrenlang prosedearre tsjin de eigners fan in sjippefabryk yn de omkriten fan syn bûtenpleats (Walton Hall, Wakefield, Yorkshire).

Der geane in protte ferhalen oer it nuveraardich hâlden en dragen fan Waterton; dy binne net allegear te bewizen, mar skilderje wol in populêr portret fan in argetypyske aristokratyske eksintrisiteit:

  • Waterton hie syn hier tige koart crew cut yn in tiid dat in grut bosk lang hier yn 'e moade wie.
  • Yn 1817 beklom er de St. Pieter yn Rome en liet er in mof efter op in tongerlieder. Paus Pius VII frege him om dy mof fuort te heljen en dat hat er doe dien.
  • Waterton hie in soad wille at er syn gasten yn de skonken bite koe ûnder de tafel wei, wilens blafte er as in hûn.
  • Hy besocht te fleanen troch fan in gebou op syn bûten te springen, en neamde dy aksje "Navigating the atmosphere".
  • Hy betocht in eigen wize fan behâld fan bistefellen en makke dêrfan karikatueren fan syn fijannen. Hy wie ek betuft yn meitsjen fan modellen, dy't in krityske ferbylding wiene fan it aktuele politike barren.
  • Hy wie oertsjûge fan it nut fan ierlitten, in praktyk dy't doe meast al as âldfrinzich sjoen waard. At Waterton siik wie sette er sels it mes yn in ier.
  • Walton Hall is no it haadgebou fan in hotel mei golfbaan, ek begjin fan kuierpaden nei ûnder oaren natuergebieten yn de omkriten.
  • Waterton Lakes, no in nasjonaal park (Waterton Lakes National Park) yn Alberta, Kanada, waard yn 1858 neamd nei Charles Waterton troch Thomas Blakiston.
  • Charles Waterton is de namme fan in dyk en in skoalle yn Wakefield.
  • Watterton yntrodusearre ferskate útlânske bistesoarten yn Ingelân.

Publikaasjes (ûnfolslein)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1871 : Essays on natural history[2] (F. Warne ; New York : Scribner, Welford, Londen).
  • 1838 : Essays on natural history : chiefly ornithology[3] (Longman, Orme, Brown, Green & Longmans, Londen).
  • 1828 : Wanderings in South America, the North-west of the United States and the Antilles : in the years 1812, 1816, 1820 & 1824. With original instructions for the perfect preservation of birds, &c. for cabinets of natural history[4] (T. Fellowes, Londen).
  • Oare edysjes fan syn wurk binne te finen op Ynternet argyf.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.trivia-library.com/c/biography-of-explorer-charles-waterton.htm
  2. Exemplaire numérique sur Internet Archive
  3. Exemplaire numérique sur Internet Archive
  4. Exemplaire numérique sur Internet Archive : ferzje mei plaatsjes of tekstferzje